februari 16, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2012
It hat wer west, de striid is oer,
sintraal stiet hjoed de kampioen,
de Snitser Pan, net te besilen,
Douwe* hold yn ’t each de dûbeltoer,
hat wer de blauwe wimpel wûn
en boppedat Olympysk spile.
Dêrachter lei de middenmoat,
gjin sicht mear op it Snitser grien,
mar wol op ’t mearke op ‘e planke,
trije lieten los de fokkeskoat,
de loetes waarden swier as stien,
allinnich troch ’t Olympysk fanke.
Fier achter lei it lêste skip,
in skym yn de ûneinichheid,
it koe de ein noch krekt besile:
Huzum leit syn skûtsje op ‘e wip,
wat pake Lodewyk ek seit,
syn rol is no foargoed útspile.
* Douwe Visser
februari 14, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2012
De eagen geane fan de wolken,
dy’t brûzje by it swurkblau lâns,
nei ’t wâljend wetter fan de Fluezen,
alles liket yn balâns.
Mar sjoch de twirren oer de weagen,
gjin skûtsje hâldt de mêst hjoed rjocht,
de liuw moat hingje, wurdt bedrige,
wylst er earst wat striidnocht brocht.
Elk moat wer bûge foar de poarte
dy’t beide tuorren heger stekt
en lykop brûzet mei de wolken,
yn balâns, sa is ’t mar krekt.
Korrekt is ’t net fan de Centauer
dy’t yn it skûtsjefjild fersylt
en balansearret tusken read en
brún, in disharmonysk byld.