Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Mein Kampf

Skiednisbylden

fan Adolf Hitler*

Wa’t yn de sel sit, krijt gjin romte
om te striden op it fjild,
mar kin syn slach wol slaan
mei ideeën foar de pinne
om yn wurden troch te jaan.

De romte wurdt de Joad ûntnommen,
om’t er net foldocht oan ’t ras
dat opslacht foar de winst;
lit it joadske folk net rinne,
konsintraasje op syn minst.

Jou eale Dútsers alle romte,
yn it easten leit de grins
foarby de Oeral, dêr’t
kampen Joaden bergje kinne,
elkenien natuerlik stjert.

Wa’t út ’e sel komt, lit him jilde
mei ideeën skerp op skrift,
noch skerper op it fjild;
slach nei slach sil Hitler winne,
om’t syn wurd as oantrún jildt.

* Adolf Hitler (1889-1945)
Boek ‘Mein Kampf’

admin

Dolle Mina

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Net gek, mar wol ferrek
om heit syn part, hy woe
har net as eigen dochter sjen,
wat Wilhelmina motivearre
om te kiezen foar de brek.

Sy briek mei it ferskil
yn macht, dat ek de frou
lykas de man te kiezen hie
foar wat by ’t eigen libben hearde:
mei ferstân, gefoel en wil.

Ferstân fan polityk,
de frede foar ’t gefoel
dat elkenien de do ferstiet
dy’t koert: it jildt foar hiel de ierde
dat it wurdt ien fredesryk.

De wil giet oen ’t gefjocht
tsjin manlju dy’t de macht
net diele wolle, nei ferrin
fan tiid sil Dolle Mina ’t winne,
wat net gek is… neffens rjocht.

* Foto ‘Wilhelmina Drucker’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum