Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dekorearre hearen

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Gjin see kin ’t leger keare
as it stribjen is de macht
oer lange grinzen hinne,
langer as it eigen lân…
de macht is oan de hearen.

Soldaten moatte sjitte
op kommando fan de macht
dy’t út is op it winnen
fan gebiet yn fijâns lân…
de hearen kinne ’t witte.

Japanske hearen jouwe
inkeld op Sinezen acht
as sy har skikke wolle
nei it fjoer fan ’t bruorrelân…
de broers dy’t skeine frouwen.

Gjin sekken kinne keare
’t stribjen nei de heechste macht
dat spûket yn de hollen
fan hearen yn it heitelân…
sy wurde dekorearre.

* Foto ‘Sinezen achter de barrikade
yn de Japansk-Sineeske oarloch’
 


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum