Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Fjoer op de Krim

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

De Krim, hoe faak is dêrom striden,
eilân, net folslein, yn ’t swart
lykas de namme fan de see,
dy’t weage om de kusten hinne
as in meunster dy’t tahapt,
de Krim, it byld fan alle tiden.

De Turk liet dêr syn spoaren achter,
wat de Rus marsjearjend ek dien hat,
de swarte weagen kleuren read
fan bloed en ûndergeande sinne,
rôpen Florence Nightingale,
dy’t tsjinne as in ljochtsjend wachter.

Sebastepol, stêd mei in haven
op de Krim, kriich troch geweld syn part
doe’t Dútsers skeaten skot nei skot
om fan de Rus de striid te winnen,
dy’t yn boatsjes op ’e flecht
sloech… wa moast doe de grêven grave?

De Krim as gea fan Oekraïne
by ferdrach, dus stie it swart op wyt,
as tsjûge tsjinne ek de see,
de Rus ferskuorde wat de pinne
skreaun hie, mar sjedêr it fjoer
dat op ’e brêge him ferbline.

* Yllustraasje ‘Krimoarloch (1853-1856)
** Foto ‘Eksploazje op ’e brêge op de Krim’

admin

VE-day

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

VE-day, Victory in Europe,
op 8 maaie klonk dy rop,
de oarloch wie foargoed foarby,
want Hitlers Dútslân wie ferslein,
net heech stie mear it Nazi-krop.

De stêden leine as ruïne
plat; al klonk net mear in skot,
tal libbens wiene al foarby
foardat fiktoarje roppen waard,
swier wie foar mannichien it lot.

Nea oarloch mear waard oeral roppen,
frede hold de siken yn,
want oarloch fiere koe ek kâld,
Europa stie wif op ’e kaart
fanwege hjitte eastewyn.

VE-day, Victory yn Europe?
Altyd wer itselde liet:
earst mars-, dêrnei de treurmuzyk.
Wurdt Poetins Ruslân ea ferslein,
dan krijt Europa wer de tiid…

* Yllustraasje ‘VE-day’
** Foto ‘V-day’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum