november 6, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wat driuwt de minske nei rekords,
wat hat hy derfoar oer
om hurder as in oar te jeien?
Fan binnen jaget him wat op,
mar wat, dêr is gjin namme foar,
’t sil om syn eigen namme draaie.
Hy draait him om en wol wat oars,
it libben hat gjin doer
om syn rekord lang út te stellen,
dus Malcolm Campbell, set him op,
de ‘Blauwe Fûgel’ is derfoar
om krekt te passen op ’e tellen.
It leit him soms mar oan ien tel,
te let… ’t rûn út ’e kloer
foar ’t jonkje dat op tiid net wike
koe foar it tsjil, ’t fleach by him op…
de ‘Blauwe Fûgel’ wie net foar
in flecht dy’t delkaam op wa’t libbet.
Men hat gjin libben derfoar oer
yn ’t foar, mar is it bard,
dan wurdt fiifhûndert yn de oere
in nij rekord, men libbet op.
* Foto ‘Malcolm Campbell’
** Foto ‘Bluebird‘
oktober 30, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Sy triomfearre troch har wil
de nazi’s sterk yn byld te bringen,
Hitlers skaad striek oer de baan
as wied er út ’e himel kommen…
nea stie sy by ’t misbrûk stil.
Fan dûnseres nei regisseur,
de film soe har de gloarje bringe
mei ‘Triumph des Willens’ as
it biedwurd om deryn te kommen…
wa’t krityk hie, wie in seur.
Mei Hitler gie sy foar de ear
fan ’t nazidom om troch te kringen
yn de ieren fan it folk;
de azem waard de Joad ûntnommen,
dy’t sa rekke yn it near.
‘Hier stehen wir, wir sind bereit
um Deutschland durch die Zeit zu tragen’,
balte ’t hiele stadion;
it oare lûd is doe ferstomme
troch har byld fan wat waard feit.
* Foto ‘Leni Riefenstahl en Hitler’
** Byld út ’e film ‘Trumph des Willens’