december 26, 2022
fan Jackson Pollock*
Yn dizze iene nacht waard berne
in bern dat yn de gaos fan de wrâld
de eagen tichtdie foar it fjoerwurk
dat de himel yn beslach naam,
te fel om oan te wennen.
Der waard yn ien nacht hastich makke
in keunstwurk fan dyselde mâle wrâld
mei út ’e geast wei in fel fjoerwurk,
sûnder bern, wol fol figueren,
net mei it brein te pakken.
It bern koe net as keunstwurk libje
dat oan in keale muorre hongen waard,
mar soarge yn de wrâld foar fjoerwurk
dat it minskdom yn beslach naam,
hy soe it net oerlibje.
De nacht troch waarden berntsjes berne
wylst om har hinne folop sketten waard;
troch fjoerwurk dat it each ferbline,
seach har inerlik figueren,
te fel om oan te wennen.
* Jackson Pollock (1906-1956)
Skilderij yn ien nacht makke
december 18, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hoefier ha Romeinen rûn
nei Jarrow yn Noard-Ingelân
om dêr in fort te bouwen
dat fertelde fan in sterke macht
mei hannen út ’e mouwen?
Hat muonts Beda wol beskreaun
’t bestean fan de gewoane man
mei hannen út ’e mouwen
of sloech hy foaral op sterken acht?
Op harren koe men bouwe.
Jarrow lit itselde sjen:
de iuwen troch hat dizze man
foar frou en berntsjes bodde;
kaam lykwols de krisis oan de macht,
feroare hy yn fodde.
Hoefier ha de bodders rûn
fan Jarrow nei de grutte stêd
om dêr te protestearjen?
Londen sloech op har probleem gjin acht,
de aksje moast mislearje.
Foto ‘Romeinsk fort yn Jarrow’
Foto ‘Skipsbou yn Jarrow’