Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Grutte jaguar

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Is de grins noch net berikt,
dan moat de kening fierder gean
en neffens status der oerhinne;
de Maya bleau der net foar stean,
hat op ‘e hichte mikt.

Image

Heger as de keningskroan
kaam sprong nei sprong de jaguar
op ’t toppunt fan de piramide;
de kening hie doe oars gjin kar:
de grins oer, goadesoan!

Mei geweld kaam hy foarút
en makke finzen mannich man,
de jaguar hie gjin begrutsjen:
hy die syn fijân yn de ban,
de dea waard it beslút.

Image

* Piramide ‘Grutte Jaguar’,
ien fan de hichtepunten
fan de Maya-kultuer

* Muorreskildering yn de timpel
fan Bonampak

admin

Naska-streken

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

De holle wie har ynstrumint
om hannen oan te stjoeren,
oars hie de Naska it net kind
wat no noch leit yn streken.

Image

Hy skrabe fuort de swarte grûn,
de ljochte kaam sa boppe,
de ierde hat er streken jûn,
de fraach is hokker teken.

In kolibry mei rappe slach,
wa sil syn streken tsjutte?
De Naska-fûgel eaget wach,
it sit him yn de holle.

De Naska liet gjin holle leech,
sels net mei holle eagen,
hy makke him mei fearren heech
sa’t deaden hawwe wolle.

Image

* Ta de Naska-kultuer (400 foar Kristus-600 nei Kristus)
hearre tekeningen yn de bergen fan Súd-Peru
Se beslaan in gebiet fan 500 km2

Foto’s út ‘Schatten van de Inca’s’ fan Jeffrey Quilter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum