Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Erasmus

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Hans Holbein de Jongere*

In reizger kin de wrâld fertelle
oan wa’t foar de fierte iepenstiet,
dy’t fan alle kanten wiisheid biedt,
as hie de lêzer sels dy helle.

Image

Erasmus gie oer tal fan grinzen,
iepen foar de wiisheid fan it folk,
foar de wissichheid mei mes en dolk,
hy koe gjin grinzen yn syn tinzen.

De reizger-muonts begûn beskieden,
mar wie sichtber as it wêze moast,
liet him sjen oan filosoof en foarst
om djipte yn ’t bestean te bieden.

Hy waard ûntslein fan muonts te wêzen,
hie nêst wiisheid fan himsels ferlet,
kaam dus mear as ien kear op ’t portret,
sa koe it folk him dûbel lêze.

Image

* Hans Holbein de Jongere (sirka 1497-1543)
Skilderij ‘Portret fan Desiderius Erasmus’

admin

Paus Adrianus VI

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan van Scorel*

Image

Dêr sit er strak yn read flewiel,
krekt portrettearre yn syn nije baan
as paus, no is de lof syn diel,
as jonkje hiet er Adriaan.

Devoasje hied er earder leard
yn Swol, it libben gie er troch as broer,
as paus fûn hy de lúkse neat,
foar Adrianus wie it oer.

Se neamden him in keunstbarbaar,
ien dy’t net fan it goede libben preau,
mei op ’t gesicht it minne waar,
in wolk dy’t boppe harren dreau.

Syn pausskip duorre mar in jier,
doe lei er wurch de bleke holle del,
wat koe it skele… dochs gjin sier,
mar hjoed is hy in rolmodel.

* Jan van Scorel (1495-1562)
Skilderij ‘Portret fan Adrianus VI’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum