januari 14, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
It wiene kommunisten
dy’t oprôpen yn in manifest
dat it folk tsjin ûnrjocht stake
moast: gjin razzia’s tsjin Joaden mear!
Oft sy ek fan gefolgen wisten?
De oprop die fertuten,
gjin gefolgen wiene doe al manifest,
dat massaal gie ’t folk yn staking,
’t woe gjin razzia’s tsjin Joaden mear!
Wat waard doe hegerop besluten?
De staking joech te tinken,
út it hert wei kaam in fûl protest,
manifest waard de reaksje
fan de fijân: klear mei it gewear,
it folk moast wike op syn winken.
* Foto ‘Febrewarisstaking’
** Foto ‘Ein fan de Febrewarisstaking’
januari 7, 2024
fan ûnbekend*
Tank ûntdekkers foar de remsliep,
dy’t út it lûde snoarkjen wei
de ljedder setten nei ’t bewuste
fan de kleare dei.
Hoe lang duorret noch it sliepen
mei dreamen fan it komt wol goed
en kalmte yn it ûnbewuste,
want dêr streamt gjin bloed.
Hoe lang moat de wrâld noch wachtsje
op merjes yn de neare nacht
dy’t elkenien klear wekker skodzje
om te sjen wa’t slacht.
Slaan alarm as men net wekker
wurdt, set dan op ’e sliep de rem
en ek de ljedder nei ’t bewuste,
gean foar bern en mem.
Lit de heit syn bern beskermje
wannear’t it sliept om net te sjen
’t ûnskuldich bloed troch de raketten,
mem ûntsjocht har bern.
Tank ûntdekkers foar de remsliep,
de ljedder kaam nei drok beweech
fan beide eagen nei ’t bewuste
libben rap omheech.
* Yllustraasje ‘Ljedder nei it bewustwêzen’