juli 13, 2025
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Yn syn stúdzje oer de galbrims***
kriich er each foar fariaasje
yn de seks fan dit ynsekt,
wat him de eagen iepene
foar manneseks op dit aspekt.
Fariaasje by de manlju,
homo, hetero of tusken
beide, elk op eigen toan;
hy hat de eagen iepene
foar alle seks as hiel gewoan.
Wittenskip ferlei de noarmen
dy’t de iuwen troch ’t foar ’t sizzen
hiene: seks set oan it bern,
dêrbûten wie de lust ferbean,
mar Kinsey wist wis: ‘Alles kin!’
Wat de galbrims al net witte
liet oer ’t seksuele libben
fan de man en boppedat
de noarm ferlei, gjinien hoecht mear
by nacht te knipen Koest de kat.
* Foto ‘Galwesp’
** Foto ‘Alfred Kinsey’
*** Galbrims = galwesp
juli 6, 2025
fan Andrew Wyeth*
It wie de wrâld fan Andrew Wyeth,
skilder dy’t fan ’t lânskip hold
dat him oanspriek troch de fierte,
fier koe hy de wrâld oersjen
om folle net genôch te witten.
Hy seach syn ynfalide buorfrou,
wist fan har beheinde wrâld:
stean gie net, allinnich sitte
koe sy, alles net oersjen,
hy liet har dochs genôch noch witte…
… mei’t hy har eigen romte fêstlei
yn de geast dy’t spriek fan krêft:
krûpend woe syn fierder komme
as de top om fier te sjen,
foar leaf hat sy har krupsje nommen.
* Andrew Wyeth (1917-2009)
Skilderij ‘Christina’s wrâld’