Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Iis- en wetterramp

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Gjin wetter streamde yn de Maas
fan ’t friezen dat it kreake,
de winter wie dat jier de baas,
it iis klom yn it beaken.

De wyn sloech om, it waard teiwaar
en makke ’t wetter wekker,
it iis briek los en brocht gefaar
foar dykbrek, ’t koe net gekker.

Want iis en wetter tagelyk,
sa’n twaspan koe net minder
foar fee en boer, dat mannich lyk
dreau op it hiem en jinder.

Image

De ramp waard yn in boek beskreaun,
dat jild opsmiet foar stipe,
sa waarden Nederlanners freon
foar minsken yn de knipe:

Bataven, dierbre landgenooten!
Nooit houdt ge uw’ schatkist toegeslooten,
waar ooit de nood om redding schreit,
daar wil uw hand de tranen drogen.

* Yllustraasje ‘Oerstreaming yn 1820’

 

admin

Libbenstrie

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jozef Israëls*
fan Hendrik Willem Mesdag**

Image

Se woe derút, de seelucht rûke,
net de sipels dy’t se skile moast…
om fan te gûlen;
wat koe ’t skele, want se wie der hast,
it hûs wie skjin, dat koe se lûke.

De kleaune hie se ek meilutsen,
ommers mem woe flugge fingers sjen…
de trie fan ’t libben,
liet se witte, want se wie gjin bern
mear… wie har eigen trie net brutsen?

De priemmen liet se rap bewege
lykas wat har troch de holle gie,
mei ’t byld foar eagen
stie se dêr en wist se amper rie…
de weagen wiene fan dy hege.

Se wie derút, woe inkeld rûke,
’t leafst gjin bylden fan de boaten sjen…
de trie koe brekke,
’t breidzjen gie fansels, gjin stek ferlern,
koe sy har heit syn boat mar lûke.

Image

* Jozef Israëls (1824-1911)
Skilderij ‘Ida, it fiskersfamke yn de doar’

**Hendrik Willem Mesdag (1831-1915)
Skilderij ‘Fiskers op see’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum