Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Syn wil is wet

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Sjoch him sitten op syn skimmel,
mei in rjochte rêch, de rjochterhân
al dagenlang op ’t hert,
de eagen rjochte op it fiere lân,
syn wil is wet.

Sjoch net achterom nei Frankryk,
dêr’t de honger waret troch it lân,
elk is nei Ruslân set,
de keizer nimt har by de hân,
syn wil is wet.

Sjoch mar nei tsaar Alexander,
dy’t mei Ingelân wol hannel die
en Frankryk trof yn ’t hert,
de keizer wit mei sa’n skarlún gau rie,
syn wil is wet.

Sjoch him sitten op syn skimmel
mei sânhûnderttûzen achter him,
hy is nei Moskou set,
fier klinkt oer ’t gea de keizerlike stim:
‘Myn wil is wet!’

* Skilderij ‘Napoleon op wei nei Ruslân’   

admin

Peallen op ‘e grins

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Matthieu van Bree*

Image

Sjoch him dêr sitten,
heech op ’t wite hoars,
de keizer fan it Franken-ryk;
de flaaikers ha it witten,
mar koe it oars?

Sjoch hoe’t se steane,
peallen op ‘e grins
fan ’t Amsterdamske ûnderryk,
se binne ryk beleane,
sa is de mins.

Sjoch hoe’t de kaaien
geane nei de foarst,
sadat er kriget grut gelyk
oer winen dy’t dêr waaie
sa as ’t him past.

Sjoch hoe’t soldaten
steane, stil en stram
yn rigen, oan elkoar gelyk,
hjoed binne it noch maten
yn Amsterdam.

Image

Miskien moarn liken
op it fjild fan ear
as offer oan Napoleon;
it lean is foar de riken,
dy steane klear.

* Matthieu van Bree (1773-1839)
Skilderij ‘Yntocht fan Napoleon te Amsterdam’
Skilderij ‘Yntocht fan Napoleon op de Dam’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum