maart 26, 2017
fan ûnbekend*
Umberto neamde him de Earste,
kening fan it Itaaljaanske ryk,
syn folk spriek fan de Goede,
fan syn goederjouskens wie ’t in blyk,
hy joech fierwei it measte.
As prins waard hy kaptein yn ’t leger,
joech dêr acht op ’t âlde, dat wie goed,
tradysje krige foarrang;
achte waard er om syn rang en moed,
hy gie troch foar ynteger.
By wettersneed en ierdske skokken,
ek by syktes, lykas goalera,
wie foarst Umberto rêder;
minsklik gie er op it rampfolk ta
en romme mei de brokken.
Hy koe net oer de anargisten,
liet it bloed rij streame yn Milaan,
de oanset foar syn eigen:
Gaetano** wist syn slach te slaan,
gjin anargistskot miste.
* Yllustraasje ‘Umberto I’
** Gaetano Bresci, de moardner
maart 19, 2017
Seppelin
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Graf Ferdinand von Zeppelin,
fan adel en mei sûn ferstân,
ek mei de heechste rang yn ’t leger,
hie yn ’t libben foar de wyn
en socht it fleanend heger.
Hy seach yn Frankryk in ballon
dy’t troch de loft foer mei de wyn
en liet him dêrtroch ynspirearje,
tocht ek oan Napoleon,
dus koe it net mislearje.
Sa boude hy de seppelin
mei wetterstof dy’t hichte hold
en earst in protte ûngemakken;
sûn ferstân hie dochs wol sin,
hy kriich de guit te pakken.
‘Graf Zeppelin’, in reuzeskip
foer letter om de hiele wrâld,
in reis fan ienentweintich dagen,
foar Graf Zeppelin mei stip
in ear om nei te dragen.
* Foto ‘Graf Ferdinand von Zeppelin’