Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Berneslaven

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Erwin Jules de Vries*

Sjoch ’t oranje, blanje, bleu,
de flagge op ‘e hannelsfloat
mei withoefolle bern oan board,
foar ’t grutte jild is soks net sneu.

Hear it klappen fan it doek,
sels yn it fiere Yndia,
dêr giet it op it jeien ta
op bern, de keapman eaget tûk.

Fiel it oangean fan de wyn,
dy’t gûlt lykas oan board it bern,
it lijen is him oan te sjen,
hy giet as slaaf de frjemdte yn.

Rûk hoe’t stjonkt de neare dea,
dy’t opkomt út it folle rom,
de weach bedobbet mei syn skom
de lang noch net folwoeksen lea.

Sjoch ’t oranje, blanje, bleu,
dat kleuret ek Batavia,
dêr moat de hannelswaar op ta,
de rop foar ’t lytse fee is heu.

Wit oan alles komt in ein:
as ’t slavebern gjin priis opbringt,
it jild út oare hoeken winkt,
dan wurdt de slavernij ûntslein.

Image

* Erwin Jules de Vries (1929-…)
Byld ‘Slavernijmonumint te Amsterdam’ 

admin

Wiuwende palmen

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Antoine Payen*

De palmen stiene ûnbeweechlik,
teken fan de status-quo,
lang libje de koloanje!
Lit dat folkje libje yn it no,
Batavia bestjoert it deeglik.

Image

Sjedêr de swarte tongerwolken,
dy’t mei fjoer de rotsen slaan,
de palmen wiuwe litte
om wer faasje oan it folk te jaan…
it sil de frijheid wolkom hjitte.

Stiet Multatuli as in blanke
oan de kant fan wa’t noch lijt
en lit er skriuwend witte
dat mei moed it folk de siel befrijt
fan ‘Tankje God’ op falske klanken?

De bui driuwt oer, wer klinke psalmen,
mar de status-quo bliuwt net;
sa wier de palmen wiuwe,
skriuwt it stridend folk syn eigen wet,
it sil foargoed de frijheid priuwe.

* Antoine Payen (1785-1853)
Skilderij ‘Opkommend tongerwaar
op ‘e súdkust fan West-Java’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum