Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Keninginne Sophia

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

sophia-1

In dame foar emansipaasje,
dat wie keninginne Sophia
fan Russysk-Dútsk komôf,
sy moast nei ’t lege lantsje ta,
de Nederlânske naasje.

In houlik dûbel arranzjearre,
want de heiten woene it sa ha,
de trou fan neef en nicht;
’t wie net de kar fan Sophia,
sy tocht doe al oan stjerren.

Har libben wie de muoite wurdich
mei ferskate keunstners rûnom wei,
se seach de brief as plicht,
fan grutte skriuwers wie se wei,
har man fûn se balstjurrich.

Fan bêd en tafel jierren skieden,
liet de kening*** Sophia mei rêst,
sy joech har net mear ôf
en die de troujurk oan op ’t lêst:
dy dei koe har neat biede****.

sophia-2

* Staasjeportret ‘Keninginne Sophia’ (1863)

** Foto ‘Keninginne Sophia’ (1870)

*** Kening Willem III

**** Utspraak: ‘Myn libben einige al op myn troudei’

 

admin

Ribben telle

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hoefolle mûlen hawwe iten
troch de dagen hinne, jierren lang,
gjin tút kaam op it bernewang,
se moasten yn in woartel bite.

Hoefolle hantsjes hawwe wrotten
foar’t de woartels kamen út ’e grûn;
wat’t bûten wurke, libbe sûn,
waard sein, mar hie wol wurge fuotten.

bernewurk-3

Hoefolle oeren lieten bazen
wurkje yn de myn of it fabryk
oant berntsjes eagen as in lyk,
in misstân om it út te razen.

Hoefolle jierren moast it duorje
foar’t Van Houten** skreau in bernewet,
it bern waard yn de romte set…
it mocht noch wol de dieren fuorje.

Hoefolle ha it net belibbe
dat de skoalle waard it berneplak
om ta te rieden op in fak,
sy telden inkeld mar de ribben.

* Foto ‘Jonges yn in tekstylfabryk’

** Minister Van Houten tsjinne
yn 1874 de wet op it bernewurk yn

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum