oktober 4, 2026

Wa heart it gûlen fan de bern
dat net te hearren is yn de wagon
fanwege ’t ratteljen fan tsjillen
op rails dy’t rinne nei de hel
dêr’t harren liken brâne sille?
Wa heart it snikken fan de bern
dat troch de poarte net te hearren is
fanwege ’t stampen fan de stappen,
hjir makket arbeid har net frij,
sy sille nei de siken happe.
Wa heart it hymjen fan de bern
dat yn de nep-dûs net te hearren is,
want gas begjint foar elk te streamen
dy’t net yn frijheid libje mei,
sy sille nea wer lokkich dreame.
Mar altyd troch klinkt harren lûd
fan gûlen, snikken, hymjen, har ferwyt:
‘Koe dan gjinien ús needlot hearre
en keare wat de joadske bern
oerkaam, yn stilte stjerre?’
augustus 31, 2026

fan ûnbekend*
In swarte hat in swarte siel,
sa wie it oardiel fan de blanke,
sprekkend foar syn Leave Hear,
dy’t as Blanke rjochtút spriek:
‘De swarte hat oan my gjin diel.’
De swarte Martin Luther King
oardielde net, mar dielde mei dat
hy in boadskip hie foar elk
mei in siel, of blank of swart,
it gie om frede ûnderling.
Syn dream wie dat syn eigen soan,
dy’t swart wie, mei in blanke boarte,
dat gjin kleur har skiede soe,
beide sielen ien fan sin,
dêr kaam it yn de dream op oan.
De dream klonk oer de hiele wrâld
en makke swart en blank klear wekker,
blanke haters spilen op,
skeaten wurd en kûgel ôf,
de fredeskening waard net âld.
* Foto ‘Martin Luther King’