Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Liet fan rampen

Religy
PDF Print E-mail
By Lukas 21, 5-19
Wize: Psalm 134
Image

Wannear, o Hear, is it safier?
Wy sjogge út nei ’t Keninkryk.
Wêr fine wy in goed ûntwyk?
Hoe wurde bibelwurden wier?

Bou jim fertrouwen net op stien,
want muorren reitsje yn ferfal,
gjin timpel is it ien en al
en hat geweld en ramp trochstien.

.Image

Wy sjogge rampen op it skerm:
de bergen spuie reek en fjoer,
de floeden weagje diken oer
en liken lizze yn de berm.

Wit dat dit net it lêste is,
mar rampen hawwe ek har tiid;
wa’t folhâldt yn de ierdske striid,
is fan it keninklike wis.

Image

Sjoch ek: Religy Tsjinst fan it lêste

admin

Tsjinst fan diel en hiel

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 2 septimber 2007 yn Drylts

Image

1. Tarissing

Wy komme fan ‘e moarn by elkoar
yn de wittenskip dat it libben faak
noch brutsen en ferdield is,
mar tagelyk giet ús hoop út
nei in hiel libben,
folslein yn it leauwe en de leafde.

Wy fiere hjoed dat hiele libben al
en sprekke út
dat ús help is yn de namme fan de Hear,
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.
Amen

2. Sjonge
Psalm 113 is hjoed ien fan de lêzings,
dêrom sjonge wy dizze psalm as iepeningsliet.
Psalm 113: 1 en 2

3. Foar de bern/Ynlieding op ‘e tsjinst

Om sjen te litten: in boltsje en mes.
Bôle as teken fan te iten ha
as tsjinstelling fan honger

In mes as teken om te dielen

It ferhaal fan Kullervo út de Kalevala,
it Finske myteboek

4. Sjonge
Psalm 113: 3

5. Gebed

Hear, tankewol foar it libben,
foar de measten fan ús al fierhinne.
Tankewol foar al it goede
dat it libben ús brocht hat:
it gelok fan in partner, fan bern en bernsbern,
de hichtepunten yn wurk, frije tiid en feesten.
Hear, dêr foaroer steane de djipten,
dêr’t wy ek trochhinne gien binne:
soargen om bern en bernsbern,
sykte, it ferlies troch it âlder wurden,
it ferlies fan de partner,
miskien sels wol fan in bern of in bernsbern.
Wy binne der ús bewust fan
dat ús libben breklik is, útinoar falle kin,
dat wy de kontrôle ferlieze.
Mar wy leauwe tsjin al it breklike yn
dat Jo it paad sljochte ha
nei in folslein libben,
sa’t Jo it folk Israel ûnder lieding fan Mozes
laat ha troch it wetter fan de see en de rivier
nei it lân fan belofte.
Meie wy dat perspektyf foar eagen hâlde
foar ús eigen libbensrivier.
Amen

6. Sjonge
Liet fan de libbensrivier: 1
Wize: Liet 469 út it Lieteboek foar de tsjerken

It libben is as in rivier
dy’t streamt nei skiere fierten,
it brûst earst licht, de ein wurdt swier,
gjinien kin ’t streamen litte.

7. Lêze

Kalevala – Lemminkäinen

Lemminkäinen út it Finske lân fan de helden wie nearne benaud foar. Hy reizge allinnich nei it noarden, dêr’t er fereale waard op ‘e dochter fan Louhi, de frou dy’t oer it Noarderlân hearske. Graach woed er mei it famke trouwe, mar fan har mem moast er earst in tal opdrachten útfiere. By ien fan dy opdrachten kaam er om it libben, sa grouwélich dat de dielen fan syn lichem yn de deadsrivier dreauwen.
Syn mem wie djip en djip rekke troch Lemminkäinens dea, mar net ferslein. Se fiske de dielen fan har soan út ‘e rivier op. Mei de huning fan in bij, dy’t waard ta in wûndersalve, slagge it har om Lemminkäinen wer yn it lân fan de libbene helden werom te bringen.
Doe’t har soan sei dat er wer nei it Noarderlân woe, nei syn famke, antwurde syn mem: ‘Gean mei my mei, myn soan, nei dyn heitelân. Do moatst dy lokkich priizgje en God tankje dat hy dy wer ta libben roppen hat. God hat derfoar soarge datst fan de dea rêden bist.’
Doe lei Lemminkäinen de earm om syn mem har skouders en rûn mei har op nei it heitelân.

Image

8. Sjonge
Liet fan de libbensrivier: 2, 3 en 4

Elk libben is in smelle stream
mei tûzen grouwe stiennen
dy’t brekke ’t wetter en de dream
ferdampt yn gleone sinne.

In stien ferleit de beek wol wat,
mar wa kin ’t streamen litte?
It is no ienkear ’t minsklik lot
te libjen nei de fierte.

Dy fierte is earst de rivier,
dêr’t beken hinne rinne,
sa makket elk de mienskip wier,
gjinien kin it allinne.

9. Ferkundiging 1

“Ik fiel my brutsen,” hearst immen wolris sizzen.
Dat kin dan slaan op it lichem nei in grutte ynspanning of as gefolch fan in sykte of operaasje. Mar ek op ‘e geast fan de minske, bygelyks troch it ferlies fan in neiste, dyn man, frou of miskien noch wol slimmer ien fan dyn bern. In minske kin ek brutsen wêze troch alles wat er yn syn libben meimakke hat. Wat hawwe jim yn it lange libben al net belibbe oan freugde, mar ek oan fertriet. It kin ek noch dat de minsklike geast brutsen is troch in psychyske sykte, sa as schizofreny. Dat wurd seit it al: in splitsing yn de persoanlikheid.

Dit is mar in breklik begjin fan de preek, hear ik jim tinken. Kin it net wat positiver? Want it brekken liedt ta brokken, dielen. En wa’t brekt, bliuwt mei de brokken sitten. Is it net better om it spul hiel te litten? Dan hoecht der ek net lime te wurden. Mar sa ferrint it libben no ienkear net.

Nim no Lemminkäinen, ien fan de helden fan de Kalevala. Hy wie smoarfereale op in jongfrommis út it lân fan it Noarden. En wa’t fereale is, fielt him hiel goed, yn topkondysje. Lemminkäinen wie dus in hiele man, doe’t er noch libbe. Mar om mei syn faam te trouwen moast er fan har mem earst in pear opdrachten útfiere. Ien fan dy opdrachten wie de hillige swan te sjitten, dy’t op de deadsrivier Tuonela swom. Lemminkäinen gie op it geheim fan de dea ôf en woe dit geheim ûntdekke troch de swan te sjitten. Mar wa’t nei dit ûnberikbere mystearje rikt, komt de dea sels tsjin. In hoeder kaam op Lemminkäinen ta, lei in pylk op syn bôge, skeat him dea, snie syn lichem yn stikken en goaide dy yn de deadsrivier.
‘In grouwélige moard,’ roppe wy, ‘en wa bliuwt mei de brokken sitten?’
De mem fan Lemminkäinen, want gûlend stiet sy op ‘e kant fan de deadsrivier. Har libben liket brutsen. In mem dy’t har bern ferliest, slimmer kin it net. Is dit de ein? Gûlend by de rivier stean bliuwe? Nee, de mem fan Lemminkäinen komt yn aksje. It liket wol oft sy ek nei it ûnberikbere rikt troch de lichemsdielen fan Lemminkäinen út ‘e deadsrivier op te fiskjen en dy wer ta in libben gehiel te meitsjen. Mar der is ien ferskil mei wat har soan die. Lemminkäinen socht it mystearje yn de dea, de stjerrende swan dy’t troch syn pylk rekke wurde moast. Mar syn mem siket it geheim yn it libben troch har soan wer ta libben te bringen.
Ast it ferhaal fan Lemminkäinen oan bern fertelle soest, dan krigest miskien de fraach: ‘Hat de mem dat echt sa dien?’ It is net echt bard, mar it ferhaal is wol wier, der sit wierheid yn. Nammentlik wa’t in hiel libben ferdielt, komt út by de dea, mar wa’t fan de dielen in gehiel makket, komt út by it libben.

Wat my it meast treft yn it ferhaal fan Lemminkäinen is de lofprizing fan de mem: ‘Do moatst dy lokkich priizgje en God tankje dat hy dy wer ta libben roppen hat. God hat derfoar soarge datst fan de dea rêden bist.’

En dan binne wy by Psalm 113, ien fan de halleluja-psalmen of sa’t de joaden sizze: de earste fan de sân Hallel-psalmen (113 oant en mei 119). Dy besjonge it slavelibben yn Egypte en de rêding troch de hân fan Jahweh. De farao briek it folk yn dielen: de manlju moasten sa bodzje dat se jûns brutsen thúskamen en de joadske jonkjes waarden yn de Nyl smiten. Wurde memmen dan net brutsen? Dat wie it mystearje fan de dea, dêr’t de farao sels yn weisakke, syn eigen ûndergong yn de Reade See. Mar Jahweh rêde it folk fan de slavernij, skonk in nij en hiel libben yn it lân fan belofte.

Halleluja! Mei de klam op ja, de earste letters fan Jahweh, Gods namme. In joadske ferhaal fertelt dat troch de brutsen wrâld dêr’t wy yn libje, ek in brek yn Gods namme is ûntstien. Dus Jah en weh. It earste diel (Jah) is yn de himel. It twadde diel (weh) is ûnder de minsken, sa’t God yn de wolk oerdei of yn de fjoerkolom nachts it folk de wei nei it beloofde lân wiisde. En sa’t God yn Jezus Kristus, de Minskesoan, twatûzen jier lyn rêdend ûnder de minsken wie. Halleluja, priizgje de Ivi… nee, net Ivige, want de namme fan God is noch altyd brutsen. En oan de ein fan de tiid? Dat komt noch, yn it twadde diel, sadat in gehiel ûntstiet.

Image

10. Sjonge
Liet fan de libbensrivier: 5

De brede stream rint nei de see,
de ivichheid op ierde,
de beken fine ’t rûzjend stee,
de ienheid sil net skiede.

11. Lêze
Ruth 1, 19 – 22
Deuteronomium 24, 17 – 22

12. Sjonge
Liet fan Noömy en Ruth: 1, 2 en 3
Wize: liet 489 út it Lieteboek foar de tsjerken

In minske as Noömy
dy’t leaflik yn it libben stie
en mem fan flinke soannen wie,
sy folge Elimêlek,
om’t Moab bôle hie.

Behalve eigen bôle
briek Moab ek it memmehert,
de dea hat mei har neisten ret:
de man en beide soannen
belibben ’t Breahûs net.

Noömy gie as Mara
mei Ruth werom nei Betlehem,
de brutsen frou wie net mear mem,
sy klage oer har libben
en joech de skuld oan Him.

Image

13. Ferkundiging 2

Al wer in mem dy’t troch de dea brutsen is, net ien kear, mar trije. Dat kaam Noömi oer yn Moab, dêr’t se mei har man en beide soannen hinne flechte wie om oan de hongersneed yn Betlehem te ûntkommen. De hiele húshâlding gong oer de Jordaan. Fan Moab nei it beloofde lân is de Jordaan de libbensrivier, mar fan it beloofde lân nei Moab de deadsrivier (lykas de Tuonela yn Finlân).
De trijefâldige dea, dy fan Noömi’s man en har beide soannen, sloech ta yn Moab. Moab wie it lân fan de sjenner Bileam dy’t fan kening Balak it folk Israel, dat op ‘en paad wie nei it beloofde lân, ferflokke moast. Moab, it lân fan de foarnommen flok foar Israel, dat moast wol útrinne op ‘e dea. Mar harkje no ris nei Bileam, hy sprekt gjin flok út, mar in seine, want it folk Israel is ommers op wei nei it lân fan belofte. Mei gauwens komt it oan by de Jordaan, fan dy kant ôf de libbensrivier.
Mar Noömi, dy’t mei har skoandochter Ruth ek weromgiet, kin de Jordaan net mear sjen as libbensrivier. Gjin wûnder ast dyn man en beide soannen ferlern hast! Dan komst brutsen oan yn Betlehem, it Breahûs dêr’t no de fjilden wer wyt binne om te rispjen. Brutsen ja, want harkje mar nei wat se seit: ‘Fol bin ik fuortgien en leech hat de Heare my weromstjoerd.’
As teken fan har leech en brutsen libben, soe se ek har namme brekke moatte: No en omi. Wat leaflik wie (want dat betsjut Noömi), dêr soe eins leaf fan oerbliuwe moatte, want in brutsen minske kin noch wol leaf wêze. Mar nee, Noömi docht it oars as God, se feroaret har namme hielendal: ‘Neam my tenei Mara, bitter, want de Almachtige hat my kwea oandien.’
Sjocht Mara Jahweh as de hoeder dy’t Lemminkäinen by de deadsrivier Tuonela deasketten hat? It liket der in protte op. Eins klaget se: ‘God sels hat myn libben brutsen, Hy is in God fan it brekken yn dielen, in God fan de deadsrivier.’
Mar Ruth, har Moäbityske skoandochter dy’t meikommen is út har heitelân, is der ek noch. Hat sy by it oerstekken fan de Jordaan wat fernommen fan in libbensrivier? Yn alle gefallen jout se har net del by de deadssituaasje dêr’t har skoanmem yn ferkeart. Se liket op de mem fan Lemminkäinen, dy’t ek net mei lege hannen stean bleau oan de kant fan de Tuonela. Se fiske de dielen fan har soan op.
En Ruth freget: ‘Sil ik it lân mar netris yngean om te iersykjen?’
Ieren binne de dielen dy’t de wurksters op it fjild ta in gehiel bine, in skeaf. Ruth stelt oan Mara foar om dy dielen op te fandeljen. Wa wit ûntstiet der op ‘en doer in gehiel, in libben dat de muoite wurdich is.

Jawis, sa moat it. De wet fan Mozes yn it boek Deuteronomium wol ha dat de lânbesitters achtslaan sille op it rjocht fan de frjemdling, de widdo en de wees. Want jim foarfaars ha frjemdlingen, sels slaven, west yn Egypte. Dus jim witte wat lijen is. As jim rispje, oft it no om nôt, oliven of druven giet, ferjit in diel en lit dat oer foar de frjemdling, de widdo en de wees. Want ast fan dyn oerfloed dielst mei de earmen, sil Jahweh dy segenje, dy ta in hiel minske meitsje.

Yn it ferline kaam oan de ein fan de preek de tapassing. Yn de sin fan: ‘Gelijk Boäz van zijn rijke oogst een deel op het land achterliet voor Ruth, de Moabitische, zo moeten wij, gemeente, onze gaven voor de nooddruftigen met een liefdevol hart schenken. Het is zaliger te geven dan te ontvangen. Gedenkt daarom de diaconie.’
Ferwachtsje fan my fan ‘e moarn net sa’n soarte fan tapassing. Want elkenien wit dat der hjoed de dei genôch mooglikheden binne om te dielen, tichtby en fierôf. Want wa’t fan him- of harsels dielt, helpt mei om it libben fan oaren hiel te meitsjen.

Want sjoch no ris wat der mei Ruth bart. Om’t Boäz mei sin wat fan de rispinge op it lân lizze liet, komt sy mei 36 mingel (liter) koarnkerrels wer thús by Mara… No… ömi. De namme fan de skoanmem ferliest de bittere smaak, kriget wer wat leafs…, noch wol brutsen, mar dochs.
En sjoch no ris wat fierder bart. Ruth trout mei Boaz, rekket swier en der wurdt in jonkje berne, Obed. En beppe nimt him yn de earms en gûlt fan blidens. It brutsen No… ömi wurdt wer hiel: Noömi, de leaflike.
Mar wy binne der noch net, want Obed wurdt letter pake, de pake fan kening David. En út it skaai fan David wurdt Jezus berne, de Hielmakker, yn it foarste plak fan dy’t brutsen binne, mar úteinlik fan de hiele wrâld.
Binne wy der no? Noch net, want 2000 jier nei Kristus libje wy noch altyd yn in brutsen wrâld: … Mar der komt in tiid dat de Tuonela, de Jordaan, de Geau en de Wimerts feroarje yn paradyslike streamen en alle minsken, lykas de mem fan Lemminkäinen, Ruth en Boäz, hielmakkers wurde, as neifolgers fan Jezus Kristus. Dan sille ek de beide dielen fan Gods namme wer ien wurde: Jahweh. Halleluja? Nee, hallelujahweh.
Amen

Image

14. Oargelspul

15. Sjonge
Liet fan Noömy en Ruth: 4, 5, 6 en 7

Jah-weh, syn namme brutsen,
seach nei de earme widdo om
troch Ruth har tsjinjend sizzen: ‘Kom,
lit my de ieren sykje,
dan wurdt it libben rom.’

Op ’t fjild fan lânhear Boäz
die Ruth oprjocht har leafdedie,
de ieren struiden doe it sie
foar ’t libben yn de mande
dat sin en takomst hie.

Noömy waard gau beppe
fan Obed, leaflik it tafriel,
har brutsen libben wie wer hiel,
de wei gie troch nei Jezus,
dy’t dielde fan syn miel.

Noch altyd brekke libbens,
mar is de minsketiid oanein,
dan wurdt ien namme sjongend sein:
Jahweh hat op ‘e ierde
syn hiele folheid lein.

16. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

17. Sjonge
Ut fjoer en izer, soer en sâlt: 1, 2 en 3

Ut fjoer en izer, soer en sâlt,
sa fier as ljocht, sa ieuwenâld,
út alles komt in mins te wrâld
en wurdt wer hieltyd berne.
As izer yn flam en fjoer,
as sâlt en bitterswiet en soer,
as minske foar minske oer
sa wurde minsken berne.

As wetter dat in boarne wurdt,
de oar ta stille wink of wurd,
as nimmen wit hoe lyts en grut
sa wurde minsken berne,
as jûntiid en moarntiidsrea,
as hjir en dêr, as hjoed en ea,
as lea nêst in oare lea,
as hantaast nei ’t ferlerne.

As ljocht sa fier en âld en wiis,
út ierdeswart en himelgriis,
út wetter, toarst en fjoer en iis,
troch toarnen en troch hagen
gean minsken, fan tiid net wis,
troch libben fjoer dat binend is,
by leed, wille en gemis
mei minsken troch de dagen.

Image

18. Seine

Wy reizgje fan it geastlike Breahûs
nei ús eigen Breahûs
yn it witten dat brea der is om te dielen
en yn it leauwen
dat in brutsen libben troch it dielen
wer hiel wurdt.
Mei ús giet de leafde fan Jahweh,
de krêft fan Jezus, de Hielmakker
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast.

19. Sjonge
Liet 456: 3

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum