Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Liet ‘Sûnder toarst’

Religy
PDF Print E-mail
It plak fan ’t hôf fan Eden
wie lykas yn twastreamelân
in ripe frucht yn elke hân,
de fuotstap fan de frede
nei boarnen foar de toarst.Image

De macht fan ’t grutte Babel
hat minsken oan it streamen brocht
as balling nei ferlern gefjocht,
as Kaïn tsjin broer Abel,
in libbenslange toarst.

It lot fan finzen Joaden
wie treurje by de âlde stream,
de liere yn de wylgebeam,
gjin fuotstap fan Gods boade,
wol smachtsje fan de toarst.

Nei libbenslange jierren
stie op Jesaja, de profeet,
syn streamend wurd foar ’t folk yn need
hat boarnen iepenbierre
foar ’t dwêsten fan de toarst.

Jim earmen kinne drinke,
hear ’t brûzjen fan de nije stream,
de liere út ‘e wylgebeam,
lit alle snaren klinke,
gean sûnder toarst op wei.

Image

Sjoch ek: Religy Ierdefearttsjinst

admin

Tsjinst fan de wei

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 3 febrewaris 2008 yn Drylts

Image

1. Tarissing

Yn dizze tsjinst fan de wei
freegje wy ús ôf wat wy
yn de rêchsek meinimme
om it oan de ein ta fol te hâlden.

Wy sykje it antwurd yn de reisgids fan de Hear
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.
Amen

2. Sjonge
Psalm 75: 1 en 2

3. Foar de bern

De brede en de smelle wei

4. Sjonge
Psalm 75: 3 en 7

5. Gebed

God ús Heit dy’t yn de himel is,
sille wy alle kweade machten
yn it tsjuster fan de nacht triuwe?
It is in steil wurd dat wy songen ha,
want der binne tsjintwurdich
nochal wat kweade machten op ierde:

As wy de profeet Sefanja leauwe meie,
dan kinne Jo poer wurde op al dy machten,
op ‘e machthawwers dy’t it krop heech ha
en soms by Jo namme swarre dat
it gelyk oan harren kant is.
God ús Heit, mei jo grime net oerstreame
en wurde ta in floed dy’t net te kearen is.

Wy binne mar lytse minsken
dy’t yn deemoed de holle wol bûge wolle.
Sjoch ús oan yn de soargen dy’t ús benearje,
soargen om ússels, ús neisten en de wrâld.

Neffens Sefanja meie wy ús fredich deljaan
sûnder dat it kwea ús opskrillet. Amen

Image

6. Lêze
Sefanja 2, 3 en Sefanja 3, 9-13
Psalm 37, 1-11

7. Sjonge
Liet fan Sefanja: 1, 2, 3 en 4
Wize: Psalm 134 

Profeet Sefanja, wat hast heard
doe’t hiel de wrâld yn ûnstjoer wie,
Jeruzalem ferdoarne stêd
troch hege hearen yn de rie?

De dei fan God is al te sjen,
want hearen hearskje net foargoed,
har grutskens giet yn bloed ferlern,
dy dei is swart as mei de floed.

Sefanja, wiis dan no de wei,
dat ús net treft de hege weach
fan God syn grime op dy dei,
it paad rint dochs net nei sa’n pleach?

As jim it sykje by de Hear
en libje út ‘e lichte wei,
ferheget God jim ta de ear
fan frede op syn ljochte dei.

Image

8. Ferkundiging 1

Kenne jim John Bunyan? Hy is wrâldferneamd wurden troch in boek. John Bunyan libbe yn de santjinde ieu yn Ingelân en hie in ienfâldich berop: tsjettellaper; as yn in tsjettel in gat siet, sette hy der in metalen lape op. Syn frou, ek mar fan ienfâldich komôf, naam fan thús in pear geastlike boeken mei. John lies se en waard rekke troch it boadskip fan Jezus Kristus. Hy lies fierder yn de Bibel en waard lekepreker. Om’t er sûnder in teologyske oplieding op ‘e preekstoel stie, waard er feroardiele ta tolve jier finzenisstraf. Yn de sel skreau er it wrâldferneamde boek ‘De Kristenreis’.

Kristen giet op reis nei de ivichheid en komt ûnderweis ferskillende minsken en stroffelstiennen tsjin, mar belibbet ek dingen dy’t him bemoedigje. Ik neam in pear mylpeallen:
Kristen ferlit de stêd fan it Ferdjer.
It moeras Moedeleasheid.
Kristen ferliest syn lêst.
It paleis Sierlikheid.
De bedelte fan it Skaad fan de Dea.
Moeting mei Moaiprater.
De Rivier fan it Libben.
De greide mei de sydwei.
Finzen yn it net.
De skiednis fan de Hope.
Kristen stekt de rivier oer.
De Himelstêd.

Kristen giet, lykas alle minsken, op reis. Der is mar ien wei en dat is syn eigen, sa’t elk minske syn of har eigen wei yn it libben giet. Underweis komst dan ferskillende minsken tsjin: hurden en sêftmoedigen, blide en treurjende manlju, rjochtfeardigen en ûnrjochtfeardigen, barmhertigen en ûnbarmhertigen, froulju mei suvere en ûnsuvere herten, fredestichters en rúzjesikers, minsken dy’t ferfolge wurde en ferfolgers… en alles wat tusken beide utersten yn sit, want selden is in libben inkeld wyt of swart.

Wy geane fan ‘e moarn op wei en komme ûnderweis trije buorden tsjin, wat se tsjintwurdich billboards – biljetbuorden – neame:
Sykje de Heare
Jou it oan de Heare oer
De Heare jout mei

Sykje de Heare
Dêr geane wy dan, op ‘en paad troch it libben, en Sejanja is ús gids.
“Wêr sil de reis hinne, Sefanja?”
“Op syk nei de Heare.”
“Op syk nei de Heare?”
“Jawis, wêr soene wy yn dizze drege tiden oars nei sykje moatte! Iksels bin dan wol fan keninklik komôf, mar ik skamje my foar wat se tsjintwurdich útheve mei ús kening Josjia. Om’t er noch mar in foech jonge is, hawwe de hege hearen oan it hôf it foar it sizzen. It krop heech fansels, miene dat sysels de wiisheid yn pacht ha en sjogge del op it gewoane folk. Hoe is dat yn jim tiid?”
“No Sefanja, om earlik te wêzen, binne der yn de 21ste ieu ek genôch fan dy arrogante ‘heech fan de toerblazers’, hoechst mar nei it sjoernaal te sjen.”
“Tink der om, in stroffelstien, net falle!”
“Ik sjoch hielendal gjin stien, wat bedoelst?”
“Do moatst dysels ek net boppe oaren sette, want de Heare hâldt it mei deemoedich folk.”
“Binne wy der hast?”
“Sjoch de ierde, hjir hast in prachtich útsicht… lokkich de earmen fan geast, want harres is it himelske ryk.”
En Sefanja wiisde nei in lânskip dêr’t de earmen fan geast it behear oer hawwe.

Image

Jou it oan de Heare oer
No it twadde boerd: Jou it oan de Heare oer.
Ha wy dan no de Heare al fûn? Under de earmen fan geast? Jawis, dêr is Hy ek te finen. De earmen fan geast binne net de minsken dy’t earm binne of geastlik handikapt of psychiatrysk pasjint, mar minsken dy’t mei in iepen geast yn it libben steane, iepen foar wat op har ôfkomt, sûnder foaroardiel, fertrouwend dat sy ûnderweis de enerzjy krije sille om fierder te gean. Mar sy moatte sels wol rinne.

Binne wy der no, by de Heare? Dat soe prachtich wêze, want dan wie der gjin pine, fertriet of rou mear. Salang’t ús libben duorret, binne wy ûnderweis. Dat is no ienkear it libben, de kristenreis fan John Bunyan en ús eigen reis. Wat komt Bunyan allgearre wol net tsjin: it moeras fan de Moedeleasheid, it skaad fan de Dea, it kastiel fan de Twivel, reus Wanhope en gean samar troch. Om yn it moeras fan de Moedeleasheid wei te sakjen.
“Bist wer út it moeras weikommen, Kristen?”
“Ik seach it efkes net mear sitten, mar dochs bin ik wer op fuotten kommen.”
“En gong it doe as it slydjaget?”
“Sa is it libben net. Ik bin minsken tsjinkommen dy’t der mar hinne libben, har fan God noch gebod wat oanlutsen, mar it gong harren dochs foar de wyn. Om jaloersk op te wurden. Gelokkich hie ‘k Psalm 37 lêzen: Wês net oerstjoer, as it in man meirint dy’t ferkearde dingen yn it sin hat.”
“Waardst net jaloersk?”
“Wêrom soe ‘k? It soe myn lêst allinnich mar swierder meitsje. Nee, ik mocht dy lêst oerjaan: moedeleasheid, deadseangst, twivel en wanhope.”
“En doe wiest samar yn de Himelstêd.”
“Gjinien wit hoe lang oft syn eigen wei is, dus ek net wannear’t er de Himelstêd berikt. Mar wat ik ûnderweis wol sjoen ha, dat stiet ek yn Psalm 37: rêstich lân om fan te genietsjen. Wa’t syn eagen en hert ûnderweis iepen hat, mei him lokkich neame, fan him is de ierde.”
En Kristen wiisde nei in lânskip dêr’t de earmen fan geast it behear oer hawwe.

Image

9. Lêze
Mattéüs 5, 1-12

10. Sjonge
Lokkich, 1, 2, 3 en 4
Wize: Liet 473

Lokkich hy dy’t earm fan geast
iepen stiet foar wat er krijt:
hoe’t Franciscus him befrijt,
want sa komt Gods ryk it earst.

Lokkich hy dy’t treurje kin
lykas Petrus op syn searst,
alles liket dan ferlern,
mar berou sil moetsje treast.

Lokkich sy dy’t sêft fan moed
as Lidwina ek yn noed;
wa’t it libben sa besjocht,
krijt de ierde yn it ljocht.

Lokkich sy dy’t honger ha
as Marije nei it rjocht,
want de drank is der op ta,
’t miel wurdt nei de gasten brocht.

11. Ferkundiging 2

De Heare jout mei
As lêste it tredde boerd: De Heare jout mei.
Yn de roomske tsjerke fan Reahûs is ferline wike it sjongspul ‘Wurden fan de berch’ opfierd, in muzykstik oer Mattéüs 5, de lokkichprizingen. De teksten binne skreaun troch Eppie Dam en Hindrik van der Meer hat dêr de muzyk op makke. Wat hie it prachtich west as dat koar fan mear as fjirtich minsken en dan noch de sân muzikanten hjoed hjir ek west hiene. Dy sjongende preek, dêr hie ‘k graach myn eigen foar ynleverje wollen.

It bysûndere wie ferline wike dat de ‘Wurden fan de berch’ ek te sjen wiene yn bylden, yn de glês-yn-lead ruten fan de tsjerke fan Reahûs.
De ‘Wurden fan de berch’ kinne wy sjen as rjochtingoanwizers foar ús eigen libben, mar dat binne de persoanen, yn glês ôfbylde, ek. Wy rinne yn ferbylding by de finsters lâns:

Lokkich de earmen dy’t op God fertrouwe, want harres is it himelske ryk.
Franciscus is dêr in foarbyld fan, in soan mei in rike heit dy’t ôfstân die fan syn lossinnich libben en as earme preker, sels preker foar dieren, mei in iepen geast foar God libbe.

Lokkich de sêftmoedigen, want de ierde sil harres wêze.
Lidwina ried 700 jier lyn op it iis yn Skiedam, it plak dêr’t sy wenne. Sy foel sa ûngelokkich dat se handikapt rekke en lizze moast, 38 jier lang. Hoewol’t it lijen swier wie, kaam har gjin klacht oer de lippen.

Lokkich dy’t treurje, want se sille treaste wurde.
It giet hjir om it alderdjipste fertriet, lykas fan Petrus, nei’t er Jezus ferleagene hie. Dêr stiet er, de man fan it steile wurd, de holle foardel, mei in swier, net te dragen hert.

Image

Lokkich dy’t honger en toarst hawwe nei gerjochtichheid, want se sille har gerak krije.
Marije, net de mem fan Jezus, mar de suster fan Martha, dêr’t Jezus op besite wie, harke mei sân pear earen en har hiele hert nei de wurden fan gerjochtichheid.

Lokkich de barmhertigen, want se sille barmhertichheid ûnderfine.
Cunera wie in frou mei in iepen hert foar minsken dy’t net wis wiene fan har desitich brea. Sy stiet ôfbylde mei trije bidlers.
Lokkich dy’t frede bringe, want se sille Godsfreonen neamd wurde.
Pastoar Freark fan Hallum, dy’t yn de Midsieuwen libbe, wie in man dy’t rúzjemakkers wer yn frede libje liet.

Lokkich dy’t suver fan hert binne, want se sille God sjen.
Agnes, dy’t yn de Romeinske tiid libbe, stelde it folgjen fan Jezus boppe de wissichheid fan it troud wêzen. Se waard dêrom oppakt en kaam op ‘e brânsteapel, mar it fjoer taaste har net oan. Doe waard se mei it swurd deade.

Image

Lokkich dy’t ferfolge wurde, om’t se gerjochtichheid wolle, want harres is it himelske ryk.
It barde yn de Tachtichjierrige Oarloch dat kalvinisten en mennisten fanwege it leauwen op ‘e brânsteapel kamen. Mar yn Den Briel waarden njoggentjin muontsen út Gorkum fanwege har leauwe ophongen. Gjin wûnder dat sy yn it glês fan in roomske tsjerke ôfbylde steane.
As yn dizze Dryltser tsjerke in glês-yn-lead rút wêze soe, dan stie Rixt Heyne dêr grif op.

Wy binne lykas Rixt Heyne, John Bunyan, Franciscus en al dy oaren op ‘en paad, ús eigen wei, mei yn it hert de acht lokkichprizingen, dy’t de Heare meijûn hat, ús bagaazje yn de rêchsek foar ûnderweis.
Amen

12. Oargelspul

13. Sjonge
Lokkich: 1, 2, 3, 4, 5, 6, 7 en 8

Lokkich hy dy’t earm fan geast
iepen stiet foar wat er krijt:
hoe’t Franciscus him befrijt,
want sa komt Gods ryk it earst.

Lokkich hy dy’t treurje kin
lykas Petrus op syn searst,
alles liket dan ferlern,
mar berou sil moetsje treast.

Lokkich sy dy’t sêft fan moed
as Lidwina ek yn noed;
wa’t it libben sa besjocht,
krijt de ierde yn it ljocht.

Lokkich sy dy’t honger ha
as Marije nei it rjocht,
want de drank is der op ta,
’t miel wurdt nei de gasten brocht.

Lokkich sy dy’t rom fan hert
’t needlot fan de earmen fielt,
sa’t Cunera bôle dielt,
wurdt sy fan de leafde sêd.

Lokkich sy dy’t suver is,
fielt as Agnes gjin gemis;
giet it libben dan ferlern,
sy sil grif Gods gloarje sjen.

Lokkich hy dy’t frede bringt
yn in wrâld fol fan geweld
dêr’t abt Freark in grins oan stelt,
dat foar him Gods freonskip winkt.

Lokkich dy’t ferfolge wurdt,
Gorkums muontsen oant har lyk;
Neffens Jezus’ lêste wurd
is foar har Gods keninkryk.

Image

14. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

Image

15. Sjonge
Liet 459: 1, 2, 5, 6, 7 en 8

16. Seine

Wy witte wat wy yn de rêchsek meinimme:
de acht lokkichprizingen as brea foar ûnderweis.

Dan geane wy no wer op wei,
elk syn of har eigen wei,
de wrâld yn
mei de seine fan God de Heit,
mei de leafde fan Jezus Kristus
en mei it fjoer fan de Hillige Geast

17. Sjonge
Liet 456: 3

Glês-yn-lead finsters fan de rooms-katolike tsjerke fan Reahûs
Foto’s fan Karel Andringa

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum