Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Lokkich

Religy
PDF Print E-mail
Lokkich hy dy’t earm fan geast
iepen stiet foar wat er krijt:
hoe’t Franciscus him befrijt,
want sa komt Gods ryk it earst.Image

Lokkich hy dy’t treurje kin
lykas Petrus op syn searst,
alles liket dan ferlern,
mar berou sil moetsje treast.

Image

Lokkich sy dy’t sêft fan moed
as Lidwina ek yn noed;
wa’t it libben sa besjocht,
krijt de ierde yn it ljocht.

Image

Lokkich sy dy’t honger ha
as Marije nei it rjocht,
want de drank is der op ta,
’t miel wurdt nei de gasten brocht.

Image

Lokkich sy dy’t rom fan hert
’t needlot fan de earmen fielt,
sa’t Cunera bôle dielt,
wurdt sy fan de leafde sêd.

Image

Lokkich sy dy’t suver is,
fielt as Agnes gjin gemis;
giet it libben dan ferlern,
sy sil grif Gods gloarje sjen.

Image

Lokkich hy dy’t frede bringt
yn in wrâld fol fan geweld
dêr’t abt Freark in grins oan stelt,
dat foar him Gods freonskip winkt.

Image

Lokkich dy’t ferfolge wurdt,
Gorkums muontsen oant har lyk;
Neffens Jezus’ lêste wurd
is foar har Gods keninkryk.

Image

Glês-yn-lead finsters fan de roomsk-katolike tsjerke fan Reahûs
Foto’s fan Karel Andringa

Sjoch ek: Religy Tsjinst fan de wei

admin

Tsjinst fan it lêste

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 25 novimber 2007 yn Drylts

Image
1. TarissingIt is de lêste snein fan it tsjerklike jier.
Wy binne fan ‘e moarn by elkoar kommen
foar de lêste dingen, sa’t Lukas seit,
mar foar folhâlders rinne de lêste dingen
út op it hûs fan God, de geastlike timpel,
it nije Jeruzalem.Dêrom meie wy yn dizze timpel fan stien
útsprekke dat ús help is yn de namme
fan de Hear, dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.
Amen.2. Sjonge
Psalm 98: 1 en 2

3. Foar de bern

Tema: Gefoelens

De foargonger docht de mûtse fan Swarte Pyt op.
De bern reagearje.
Wa is bang foar Swarte Pyt/ Wa hat wolris bang foar Swarte Pyt west?
Wa is bang foar Jezus?

4. Sjonge
Psalm 98: 3 en 4

5. Bidde

Hear yn de himel, dy’t tichtby ús is;
wy hawwe derfan songen:
Jo wente is yn ús midden.

Wy bidde hjoed dat net allinnich Jo wente
yn ús midden is, mar ek Jo Geast,
dy’t ús de eagen en earen iependocht
foar de lêste dingen dy’t al lang spylje
en dy’t noch kommendeweis binne.

Wy bidde om Jo Geast yn ús midden
dy’t ús it hert iepenet foar de neisten,
de libbenen dy’t op ús paad komme
en de neisten dy’t al ôfskie nommen ha
fan it libben.
Dat wy hjoed tichtby de ferstoarne neisten
binne, mei hert en siele.
Wy bidde ek om treast foar it fertriet
dat noch skrine kin, hoe lang it ek al lyn is.

Iepenje ús de earen foar it Wurd,
dat klinke sil oer de op ien nei lêste dingen,
mar ek oer de alderlêste, ús útsjoch
op Jo geastlike timpel, it nije Jeruzalem.
Amen

6. Lêze
Lukas 21, 5-19
Maleächy 3, 19-24

Image

7. Sjonge
Liet fan rampen: 1, 2, 3 en 4
Wize: Psalm 134

Wannear, o Hear, is it safier?
Wy sjogge út nei ’t Keninkryk.
Wêr fine wy in goed ûntwyk?
Hoe wurde bibelwurden wier?

Bou jim fertrouwen net op stien,
want muorren reitsje yn ferfal,
gjin timpel is it ien en al
en hat geweld en ramp trochstien.

Wy sjogge rampen op it skerm:
de bergen spuie reek en fjoer,
de floeden weagje diken oer
en liken lizze yn de berm.

Wit dat dit net it lêste is,
mar rampen hawwe ek har tiid;
wa’t folhâldt yn de ierdske striid,
is fan it keninklike wis.

Image

8. Ferkundiging by Lukas en Maleächy

1.
Wa kin him net mear de bylden fan de tsunami yn Súdeast-Azië foar eagen helje, op twadde krystdei 2004?

Dus elkenien.
Wa sjocht net mear dy fleanmasine, rjocht op it gebou ôf fan it Wrâld Hannels Sintrum yn New York op 11 septimber 2001?

Dus jim sjogge it wer foar jim?
Dat wiene wrâldrampen, fier fan Drylts ôf.

2.
Sjogge jim noch de âlde swart-wyt bylden fan it streamende wetter oer dyk en lân op
1 febrewaris 1953?
Of it brânende hert fan Rotterdam nei it bombardemint fan de Dútsers op 14 maaie 1940?
Dat wiene Nederlân-rampen, nochal fier fan Drylts ôf, mar it komt al tichterby.

3.
Wa syn libben hat net ris oerstreamd west troch fertriet?
Of wa har libben hat net ris yn ‘e brân stien, fjoer dêrst sels de wetterslang net op sette koest?
Om in foarbyld te neamen: stiet it ferlies fan in leave neiste net op it netflues brând?
Dit komt al hiel tichtby, tichterby as it nammeboerd fan de stêd Drylts.

It is hjoed de lêste snein fan it tsjerklike jier. Yn in protte tsjerken wurde de minsken betocht dy’t it ôfrûne jier út ‘e gemeente weifallen binne.
Mar wêrom soest hjoed ek net de leave neisten betinke dy’t net by dizze gemeente hearden, mar dit jier ek ferstoarn binne?
En de neisten dy’t al earder, al folle earder, it ierdske libben ferlitten ha?
Al dy neisten – mannen, frouwen en bern – ha har eigen wei troch it libben socht. Sy hawwe bang en ûnwis west fanwege de wetter- en fjoerrampen dy’t op it byldskerm opljochten. Wiene it tekens fan de eintiid? Mar se hawwe ek hearre mochten dat dy tekens net de ein wiene, mar it begjin fan Gods Keninkryk, wêr’t dat dan ek wêze mei en hoe’t it der ek útsjen mei. Dat ús leave ferstoarne neisten dêryn libje meie!

Tekens fan de eintiid. It liicht der net om wat Jezus yn Lukas 21 seit:
Fan de timpel gjin stien mear op ‘e oare.
Folk tsjin folk, keninkryk tsjin keninkryk: Amearika tsjin Iran, Ruslân tsjin Tsjetsjenië, Sina tsjin Tibet.
Ierdskokken: Sumatra.
Pest: aids.
Hongersneed: Afrika.
Fier bûten Drylts, tinke wy, inkeld bylden op it skerm tsjûgje dêrfan.
It komt tichterby as jim tinke, seit Jezus, want yn húshâlding en famylje wiist it ek mâl.
Bêst mooglik, mar dat wie yn de earste ieu, doe’t de kristenen noch ferfolge waarden. Yn dy tiid kaam it foar dat in heit syn dochter útlevere en in soan syn mem, allinnich mar omdat se derfan tsjûgen dat Jezus Gods Keninkryk ferkundige hie. Moatst net tinke dat soks hjoed de dei noch bart.
Miskien yn Drylts, Snits en Amsterdam sa net, mar hoefolle berjochten ha der wol net west oer âlders dy’t har bern mei de dea yn sleepten en oer bern dy’t op har heit of mem yn stieken?
Net yn Drylts! Ek gjin skeel yn de famylje? Of skiedings dy’t de bern troch de siel snije? Of deadsneed fanwege geregelde mishannelings. Sels Foppe de Haan rôp as in soarte fan Fryske Jezus fan reklamebuorden ôf op ta fair play yn de húshâldings.

Mar as it al safier kommen is, sa tichtby, soe it dan wier wêze dat wy yn de eintiid libje?
Net op ‘e doele reitsje, seit Jezus, want de ein is der fuort noch net.
Al twatûzen jier lang net, sizze wy.
By God binne tûzen jier as in dei, seit Jezus.
Binne der dan allinnich mar benearjende tekens? freegje wy.
Nee, seit Maleächy, want it hert fan de âlden sil wer nei de bern takeare en it hert fan de bern nei de âlden.
Is dat net in prachtige takomst? Klopjende en iepen herten foar elkoar. Hearre en sjogge wy dy al? Soms…
Maleächy, wat prachtich datsto it as profeet sa heard en sjoen hast, want it soe betsjutte dat wy as generaasjes yn leafde útsjen meie nei de Grutte Dei fan Gods Keninkryk.
Mar leauwe ús bern en bernsbern dat ek?
Net fan de wize reitsje, seit Jezus, want as jim folhâlde, winne jimme jim libben.
En heart by ús libben ek net dat fan ús bern en bernsbern? Mar lis dat libben net fêst, jou se de romte. Smyt de touwen fan har skip mar los en sjoch hoe’t Gods wyn yn har seil falt. Miskien fan de oare kant, mar it bliuwt wol Gods wyn dy’t waait nei syn Keninkryk.

Image

9. Sjonge
Liet fan moard nei moarn: 1 en 2

Wize: liet 488A

Salang de minsken hjir al binne,
sloech Kaïn syn broer Abel dea,
woe elk it fan de oare winne,
waard hôf fan Eden goadegea.

Wize: liet 488B

Mar koart nei al it ierdske striden
giet heit syn hert wer nei de soan,
de dochter sil de mem dan liede
mei leafde nei de nije moarn.

10. Lêze
Iepenbiering 3, 7-12

11. Sjonge
Liet fan de keningskaai: 1 en 2

Wize: 488A

Salang de minsken fruchten ite
fan dy troch God ferbeane beam,
sil bûtendoar it libben slite,
it hôf is ticht, foarby de dream.

Wize: liet 488B

Mar Davids Soan stiet by de poarte
mei yn de hân de keningskaai
foar minsken dy’t salang it koarte
bestean Him libje achternei.

Image

12. Ferkundiging by Iepenbiering

Sjogge jim it noch foar jim? De beide hege gebouwen fan it Wrâld Hannels Sintrum dy’t brânend en rikjend yninoar sakken? Gjin stien bleau mear op ‘e oare.
‘Der komt in tiid,’ seit Jezus yn Lukas 21, ‘dat fan al wat jimme fan de timpel sjogge, gjin stien op ‘e oare litten wurdt. It giet allegear yn pún.’
Alderferskuorrends wie sa’n útspraak yn dy tiid, foar de Joaden in grouwélige flok.
It Wrâld Hannels Sintrum wie ien fan de symboalen fan New York. Noch folle mear wie dat foar Jeruzalem de timpel. En de stêd sels, de sjaloom-stêd, wie it plak dêr’t alle folken oan de ein fan de tiid hinne teagen, sa seine de profeten. En dan sa’n mei alles flokkende útspraak fan Jezus.

It is it jier 70 nei Kristus. Jehannes skriuwt in brief oan de gemeente fan Filadelfia. Wylst er skriuwt, sjocht er de stêd foar him, noch gjin oardelieu âld. Yn de omkriten ferbouwe de boeren druven, dêr’t se wyn fan meitsje. Dionysos, de Grykske god fan de wyn, wurdt yn Filadelfia fereare: ‘Drink, bruorren, drink, hjoed libje wy, miskien binne wy der moarn wol net mear.’
Filadelfia, de namme betsjut bruorreleafde.

En Jehannes skriuwt: Dit seit Hy dy’t hillich is en wier…
As der ien ynkomt, lit er de hân rêste. It boadskip dat de man bringt, is sawat net te leauwen: ‘Jeruzalem is yn hannen fan de Romeinen fallen, se ha de timpel ferinnewearre, gjin stien leit mear op ‘e oare.’

It hert fan Jehannes kloppet him yn de kiel: Jeruzalem fallen, de timpel yn pún. Dan komme him de wurden fan Jezus yn it sin: Der komt in tiid dat fan al wat jimme sjogge, gjin stien op ‘e oare litten wurdt.
Dan lit Jehannes de situaasje fan Filadelfia, Bruorreleafde, yn him omgean. Wat ha de kristenen it dêr swier hân, net allinnich om ‘Drink, bruorren, drink’, mear noch fanwege Jeruzalem. Hearden se der einliks wol by? Eins net, want allinnich de Joaden wiene it folk dat God útkard hie. En no’t Jeruzalem fallen wie, kaam dat alhiel oan it ljocht, want de ynwenners fan Bruorreleafde hiene gjin poat útstutsen om de hillige stêd te ferdigenjen.

En Jehannes begjint wer te skriuwen: As Hy wat mei de kaai fan David iepenmakket, kin gjinien it wer ticht krije.
Dit is it, flitst it as in iepenbiering troch Jehannes hinne: dy kaai fan Jeruzalem is net fan izer, it giet net om de houten poarten en stiennen muorren, net om it Jeruzalem fan de skiednis, in stêd dêr’t mei it bloed oan it swurd om fochten wurdt, it giet net om wa’t der wol of net yn en by heart, mar om it Jeruzalem fan de takomst.
En fan dat Jeruzalem hat Jezus de kaai yn hannen: ‘Kom mar, trouwe neifolgers út ‘e stêd Bruorreleafde. Omdat jim hoekholden ha, binne jim wolkom. Drink, bruorren, de wyn as teken fan myn bloed.’

En Jehannes skriuwt fierder, de sinnen floeie oanienwei op it perkamint. En dan flitst in oar byld troch him hinne, fan de nije timpel: Dy’t oerwint, dêr sil ik in pylder fan meitsje yn it hûs fan myn God en hy sil der noait wer útgean; Ik sil dêr de namme fan myn God op skriuwe en de namme fan de stêd fan myn God, it nije Jeruzalem.

Image

13. Sjonge
Liet fan it kristusfolk: 1, 2 en 3

Folk fan Kristus, lit ús leare
wat no iepenbiere wurdt
dat gjin tichte doarren keare
dy’t fertrouwe op Gods Wurd.
Kristus hat de kaai yn hannen,
doarren springe fan it slot,
nei de tiid fan lân yn bannen
komt it Keninkryk fan God.

Folk dat noch mar sa minmachtich
moedich rint de maraton,
wurdt op wei de geast dielachtich,
mei sa diele nei Gods plan.
Op ‘e finish fiere kânsen
’t freugdefeest op hege toan,
want de rinners krije krânsen
út ‘e hannen fan Gods Soan.

Nei de finish rinne strjitten
troch in nij Jeruzalem,
dêr’t de boulju hichten mjitte
foar de timpel, geast fan Him.
Pylders sille wy dêr wêze,
drage mei it himelhear
’t dak dêr’t wy de namme lêze
fan Gods wêzen, Him de ear.

14. Brief oan de Menniste Gemeente fan Drylts

Ik ken jim dwaan en litten, jim hiele skiednis. Hoe’t jim foarâlden as in lytse groep hoekholden ha tusken meikristenen dy’t har mei in skean each oanseagen, har sels ferfolgen. Ik ken Rixt Heyne, dy’t trou bleaun is oant yn de dea. Goed dat jim har namme noch altyd klinke litte.

Ik ken jim bloeitiid, doe’t in sechde part fan de ynwenners fan Drylts by de Menniste Gemeente oansletten wie. Hoewol’t de leden fan doe wisten wat har foarâlden meimakke hiene, hoe’t se as minderweardich beskôge waarden, ûntkamen se net oan in gefoel fan: Wy ha it mei de grutte doop en ús ja is ja en nee is nee by de rjochte ein. It eigenwize útferkard wêzen lei harren wol. Mar dêr foaroer stie har trou en wurkkrêft foar de gemeente.

Ik ken ek jim delgong yn ledetal, dat jim net langer as gemeente in dûmny yn folle tsjinst beroppe koene. Ik wit fan de kombinaasje mei Snits en fan de frustraasjes oan beide kanten. Jim hiene it gefoel dat jim as lytse gemeente net altyd ta jim rjocht kamen.

Ik ken de ferskuorrende tiid fan it út elkoar gean, de emoasjes dy’t dat oproppen hat. Dat jim trou bleauwen oan it wêzen fan fredesgemeente, wie opmerklik. De fredeshâlding fan jim foarsitter fan doe, Tammy Brouwer silger, hat jim ta foarbyld west.

Ik wit fan de tiid fan hjoed de dei, dat jim ien kear yn de fjirtjin dagen noch mar mei sa’n lyts keppeltsje yn tsjerke sitte. En dochs hâlde jim hoek, fiere jim mei sa’n geastkrêft en menneistewyn it hûndertfyftichjierrich bestean fan jim tsjerke. It wie in mylpeal op ‘e wei nei de takomst.

Betink lykwols dat it net giet om doarren fan hout en muorren fan stien, dat der in tiid komme sil dat ek fan dit gebou gjin stien mear op ‘e oare lizze sil. De âlderen ûnder jim sille it net mear meimeitsje en nei alle gedachten ek net dy’t jonger binne. Wit yn alle gefallen dat wy allegearre roppen binne om pylders yn it hûs fan God te wêzen, de nije timpel yn it nije Jeruazalem, it Keninkryk fan God.

Amen

Image

15. Oargelspul

16. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

17. Sjonge
Ik fiel Jins wyn hjoed waaien, God: 1, 2 en 3

Ik fiel Jins wyn hjoed waaien, God,
en heech set ik it seil.
Tehaav’ne is ’t, mei skom bespat,
mar ‘k hoopje op Jins heil!
Te roere stiet Jins eigen Soan,
Hy stjoert nei feil’ge ree.
Ik doar mei Him de reis wol oan
oer wylde, hege see!

Image

De triennen dy’t ik skrieme moast,
binn’ droege fan Gods wyn;
ik wit net mear hoe ‘k stúmje doarst
oer muoiten lang ferlyn.
No haw ik nije libbensmoed
en fêst is myn beslút:
ik fiel Gods winen waaien hjoed
en syl de haven út.

O, lit my nea ferjitte, Hear,
hoe’t my Jins leafde laat;
lit foar my stean hoe dearlik sear
Jins holle kroane waard.
Oan Jo betrou ik my alhiel
by ’t oangean fan de reis,
no’t ik Gods winen waaien fiel:
lied Jo my ûnderweis!

18. Seine

Wy ha it seil hise en sile de haven út
mei it iene each op ‘e lêste dingen,
mei it oare op ‘e geastlike timpel,
it nije Jeruzalem, Gods Keninkryk.
Wy freegje op ús reis nei de oare kant
de lieding fan God, de Heit,
de leafde fan Jezus, de Minskesoan
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast.
Amen

19. Sjonge
Liet 456: 3

Image

 

 

 

 

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum