Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Liet fan Betanië

Religy
PDF Print E-mail
Jehannes 12, 1 -19
Wize: Lietboek foar de tsjerken, liet 294

Image

Betanië, it plak
fan libben út ‘e dea,
foar elk in ûnderdak,
in feestmiel nei de bea.

Dêr’t Jezus fûn de rêst,
in dei midsmank de nacht,
in amerij hâldfêst,
sjaloom, dan mannemacht.

Dêr’t Lazarus ferstie
de rop dy’t libben jout,
syn namme sprekt yndie:
‘God rêdt’ klinkt sa fertroud.

Dêr’t Marta tsjinjend gie
mei iten nei de gast,
diaken dy’t sy wie,
safolle yn de kost.

Marije folge ’t hert,
mei ynmoed geat sy út,
sy joech om jild noch wet,
mar wol har leafdestút.

Betanië, it plak
fan Judas syn beslút,
al wie it noch mar swak,
’t waard de ferriederstút.

Dêr’t minsken streamden ta
om wat foar eagen wie
te sjen, net oars, mar sa:
hoe’t Lazarus dêr stie.

Dêr’t Farizeeërs’ haat
fertsjustere it gea,
in foarútrinnend skaad
op lijenswei nei dea.

Betanië, ’t is wier,
sjaloom, Jeruzalem,
de ezel fredesdier,
hosanna klinkt foar Him.

Image

Sjoch ek: Religy Tsjinst fan Geus en Jezus

admin

Toppunttsjinst

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 4 maart 2007 op De Jouwer

Image
1. Tarissing

Wy komme fan ‘e moarn by elkoar om
oer de toppunten fan it bestean nei te tinken,
oer it hillige ljocht fan de himel,
oer it bestean as spegel
en oer de leafde.Us help is yn de namme fan de Hear
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.
Amen

2. Sjonge
Liet 457: 1, 2, 3 en 4


3. Ynlieding fan de tsjinst

Hillich ljocht fan de himel, it bestean as spegel en de leafde.
Wy ha yn liet 457 fan it hillige ljocht fan de himel songen.It bestean as spegel komt yn it ferhaal fan Mozes oan de oarder,
as er op ‘e berch Horeb of de Sinaï is, tichtby de himel, by God,
en ek yn it ferhaal fan Jezus op ‘e berch fan de ferhearliking,
as Mozes en Elia yn it ljocht fan de himel oan Him ferskine.

En de leafde sil as ôfspegeling fan de himel
yn dizze tsjinst yn lêzing en liet faker yn byld komme.
Wy nimme dêrby 1 Korintiërs 13 as útgongspunt:
It liet fan de leafde.

4. Lêze
1 Korintiërs 13, 1-3

5. Sjonge
Liet fan de leafde: 1, 2 en 3
Wize: Lietboek fan de tsjerken, liet 446

Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.

Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.

Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.

6. Gebed

Hear yn de himel, ús lêzen en sjongen oer
de leafde hat krekt yn dizze tsjerke klonken.
It binne wurden mei in himelsk ljocht
en dêrom klinke se ek sa moai.
Mar se moatte net inkeld om de top sweve,
mar by de berch del nei de ierde komme.
Wy bidde Jo, Hear, mei de leafde op ierde
hannen en fuotten krije,
dat ús libben yn it ljocht fan de leafde stiet.
By it âlder wurden komt faak in skaad
oer it bestean, it skaad fan de muoite:
sykte, fertriet, rou en dea.
Hear, as dat skaad oer ús hinne strykt,
lit ús dan net blyn wurde foar it ljocht.
Hoewol’t wy it hillige ljocht fan Jo
net streekrjocht ferneare kinne,
mei ús spegel der dan in wjerskyn fan opheine,
de wjerskyn fan Jo leafde,
dy’t bestean bliuwt oant yn ivichheid.
Amen

Image

7. Lêze
1 Korintiërs 13, 4-8

8. Sjonge
Liet fan de leafde: 4, 5 en 6

De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.

De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.

Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.

9. Lêze
Exodus 34, 27-35

10. Sjonge
Liet fan de hillichheid: 1, 2, 3 en 4
Wize: Liet 457 út it Lieteboek foar de tsjerken

Hillich bisto, Horeb, heech yn de wolken,
berch fan de wjerljocht, de tonger, troan fan God.
Under wachtet bevend, earste fan de folken,
ôfsnien fan boppen, wif is harren lot.

Einlings komt har pleiter mei de twa platen,
fol fan besieling út hege sfearen wei.
Hillich binne wurden, fêstlein fan Gods praten,
dy’t Hy as wei nei de belofte lei.

Hillich ljocht fan boppen liet Mozes striele,
eagen as spegels heinden de ivichheid,
mar it hillich skynsel wie net om te dielen,
doek foar it antlit foar de hillichheid.

Harkje, Israel, hillich is syn namme,
God, ien fan Wêzen, Hy is der altyd by.
Folk fan wurd en dieden fielt him nea beskamme,
wis is it lot, God makket minsken frij.

Image

11. Lêze
Lukas 9, 28-36

12. Sjonge
Liet fan de libbensmoed: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Liet 290 út it Lieteboek foar de tsjerken

Op hichte fan de wite glâns
bea Jezus it ‘Us Heit’,
wylst kamen der twa mannen lâns,
foar trochgean yn de pleit.

‘Gean moedich troch, de libbenswei
betsjut it lêste net,
de nacht ferrint yn libbensdei,’
sei Mozes, man fan wet.

Elia heakke dêroan ta:
‘It wurdt de tredde dei,
dan sil de geast wer libben ha,
wat de profeet foarsei.’

Doe skrillen ek de trije op,
dissipels yn de sûs,
se seagen ’t skynsel op ‘e top,
foar Petrus ’t ivich hûs.

Se moasten by de berch wer del,
fan ljochte top nei foet,
dêr rôpen minsken, net yn tel,
om nije libbensmoed.

13. Ferkundiging
Toppunt
Libje op it toppunt, wa soe dat net wolle? Wa’t berchbeklimmers freget wat it foar harren betsjut om it heechste punt te berikken, kriget topferhalen. Net allinnich fanwege de prestaasje dy’t se levere ha, mar ek om it plak dêr’t sy oankommen binne: tusken ierde en himel. En fansels om it útsicht dat sy fan de top ôf hawwe: sy kinne alles oersjen; alles is like helder.
Dit is de letterlike betsjutting fan toppunt: op ‘e top fan de berch.

Der is ek in figuerlike betsjutting. Dêrfoar hoecht men net op in berchtop te wêzen. Sa’n belibbing kin oeral en alle dagen plakfine, sels ûnder wetter. It slagjen foar in diploma, it fereale wurden yn de puberteit (en fansels letter ek noch wol), de troudei mei do en dyn partner yn it strieljende middelpunt (of op it toppunt fan de feestlikheden), de berte fan bern of bernsbern.
It heucht my sels noch as de dei fan juster dat ús dochterke yn it sikehûs fan Ljouwert berne waard: it momint datst dyn bern foar it earst sjochst. Om healwei ienen yn de nacht ried ik fan Ljouwert nei Snits. Foar my wie it ljochtskyndei en de auto fleach fier boppe de dyk út. Ik wie yn de wolken, libbe op in toppunt.

Sokke toppunten binne ferbûn mei it religieuze yn de minske. It fielt as wurdt er boppe himsels úttild. It gefoel fan in boppenatuerlike krêft, in krêft dy’t boppe it minskdom útgiet. Kristenen sizze dat dy krêft te krijen hat mei God. Om it ûnearbiedich te sizzen: God sjocht efkes om de hoeke fan it minskelibben hinne.

Image

Toppunt fan God en Mozes
Dat wie foar Mozes net efkes, mar folle langer. Want leau mar dat de ûnderhannelings op ‘e berch lang duorre ha. God woe nei dy dûns om it gouden keal neat mear fan it folk witte. Hy sei tsjin Mozes dat er wol fuortgean koe, want Sels woed Er net mear mei troch de woestyn. Hy soe wol in ingel stjoere om foar it folk út te gean en mei harren ôfrekkenje op syn tiid.
Wat hat Mozes yn de pleit moatten om God te oertsjûgjen dat it om syn eigen folk gie, dat Hy apart fan oare folken op ‘e ierdboaiem set hie. It folk wie ommers Gods toppunt en Gods lieding moast foar it folk alle dagen wer in toppunt wêze. In toppunt fan belibjen.

As God it folk troch it pleit fan Mozes wer as syn toppunt sjocht, seit Er: “Ik sil it dwaan, want do hast genede fûn yn myn eagen en Ik ken dy by namme.”
Dat sil God mar tsjin dy sizze: “Ik ken dy by namme.” Dan stiest sawat op ‘e heechste berch. Sawat… want Mozes sjocht in top dy’t noch heger is:
“God mei ik noch in stikje heger klimme, ik bedoel op geastlik mêd, om it mar planút te sizzen: mei ik Jo hearlikheid sjen?”
No, dan doarst wol, sa koart nei Gods grimmitige útfal nei it folk. Watfoar antwurd soe men, minsklik sjoen, ferwachtsje meie?
“Sille wy mar efkes dimme, Mozes?”
Nee, fan de minskekant is God gjin foarstanner fan dimljocht. Hy koe it wurdearje dat Mozes mei it grutte ljocht oan, dus folút, foar it folk yn de pleit gie.
En as it ússels oanbelanget, yn freugde en ellinde? Grut ljocht! Mar wy Friezen binne net sa ljochtskynderich. Wat dat oanbelanget kinne wy noch in protte fan ús swarte meiminsken leare. Dy uterje har freugde en fertriet folút. Sels ha ik, doe’t ik yn de lytse loege siet, ek mei grut ljocht nei de himel skynd: “Myn God, myn God, wêrom ha Jo my ferlitten?” Bekende wurden, wy komme der aansen op werom.

Mar earst werom nei de grutte ljochten fan Mozes. It antwurd fan God is net ‘dimme’, mar: “Ik sil al myn goedheid foar dy lâns gean litte.”

Mei alle goedheid fan God is men net gau útteld, dan komt der in ivichheid lâns. En dat kin sels in minske as Mozes net oan. Mar hy wurdt wol ferhege, nei it toppunt helle, want Mozes mei nêst God op ‘e rots stean. En dan?
It ljocht fan God is sa sterk dat gjinien syn skynsel oerlibje soe. Dêrom wurdt Mozes parkeard yn de holte fan in rots. En as God mei in neat te ferlykjen skynsel en al syn goedheid by de grot lânsgiet, glydt it skaad fan syn hân oer de eagen fan Mozes. It grutte ljocht fan dizze minske giet op yn it Wêzen fan God.

Image

En dat fan ús? Us ljochtsjend lof- en smeekgebed nimt God ek op yn Himsels en Hy keatst syn goedheid nei ús werom.

Werom nei Mozes. Dêr rint er nei fjirtich dagen en nachten sûnder in hap iten en in slok drinken – tink oan de fjirtich dagen en nachten fan Jezus yn de woestyn –  by de berch del, fan syn toppunt ôf, nei it folk werom. Want de minske hat de opdracht krigen om fan syn toppunt ôf nei de flakke ierde werom te gean.

De njoggentjinde-ieuske skriuwer Frederik van Eeden seit it sa treffend oan de ein fan syn boek ‘De kleine Johannes’: ‘Toen wendde Johannes langzaam het oog van Windekind’s wenkende gestalte af en strekte de handen naar de ernstige mens. En met zijn begeleider ging hij de kille nachtwind tegemoet, de zware weg naar de grote, duistere stad, waar de mensheid was en haar weedom.’

En dêr giet Mozes by de berch del, de swiere wei nei it grutte, tsjustere kamp, dêr’t it folk is mei syn oerhearrigens. Mar sjoch wat er meinimt: twa nije platen mei de Tsien Wurden en de wjerspegeling fan Gods ljocht en goedheid op syn antlit: “Nee, no jim net omdraaie, hjir komme, dimme foar de Skepper fan himel en ierde, en harkje nei syn wurden!”
Jawis, no wol dimme, want it folk komt mei syn skuld op ‘e wei fan Gods Tsien Wurden en dêr is it eigen grutte ljocht net by tastien.
Dêr steane se mei de holle foardel, omdat se de hillige glinstering op it antlit fan Mozes net ferneare kinne. Earst as de middeler tusken God en folk útsprutsen is, docht er in doek foar de holle… no dimt er. En dat docht er alle kearen, as er yn de tabernakel mei God yn petear west hat: mei grut ljocht deryn en dimmend komt er der wer út fanwege de wjerspegeling fan Gods ljocht.

Malawi
Wy meitsje efkes in lyts útstapke nei it fiere Malawi, in lyts lân yn Midden-Afrika. Us dochter, dy’t dêr fjouwer moannen yn in sikehûs wurke hat, naam it boek ‘The Gospel seed’ mei en de prachtige poster dy’t dêrby hearde. En wat sjochst dêrop? God mei in masker foar. De Chewa-stam hat goed oanfield wat Mozes op ‘e berch belibbe hat. It grutte ljocht fan God is net streekrjocht foar in minske te sjen.

Image

Toppunt fan Jezus, Mozes en Elia
It ferhaal fan Jezus op ‘e berch spegelet dat fan Mozes. Jim binne fan dit prachtige ferhaal yn de rin fan de jierren goed op ‘e hichte rekke. It is wer in toppunt, yn it foarste plak in toppunt foar Jezus tusken al de tsjustere bedelten fan de wrâld yn. Hy giet nammentlik nei Jeruzalem, de stêd dy’t wol op in hichte leit, mar foar Jezus yn it foarste plak de djipte fan it lijen betsjut: “Myn God, myn God, wêrom ha Jo My ferlitten?” Dêrom kriget er earst it bemoedigjende ljocht fan boppen troch de ljochtsjende geast fan Mozes en Elia. Mozes, de godsman fan de Tsien Wurden, de Wet; Elia, de godsman as profeet.
Der is in moai ferhaal fan de rabinen oer Mozes en de profeten. Mozes koe God mei help fan ien spegel sjen, in kleare ôfspegeling fan God. Elia as fertsjintwurdiger fan de profeten hie njoggen spegels nedich, hy seach yn dreamen en fisioenen in dizenich byld fan God, hy seach as yn in besleine spegel.
Mar Mozes en Elia binne beide op ‘e berch om Jezus yn it folle ljocht fan Gods leafde te setten: “Dit is myn Soan, Him ha Ik útkeazen, harkje nei Him.”
Foar Petrus, Jehannes en Jakobus is it ljocht op ‘e berch, as se de eagen iepen dogge, ek in toppunt fan belibbing. Petrus is sels sa optein dat er op dit toppunt bliuwe wol. Hy stelt út om trije tinten te bouwen. It stiet net yn de Bibel, mar it hie der sa yn stean kinnen:
Doe’t Petrus syn útstel dien hie, antwurde Mozes: “Witst dan net dat ik wer by de berch delgien bin, nei it tsjustere kamp dêr’t it folk wie?”
En skreau Frederik van Eeden net: “Naar de grote duistere stad, waar de mensheid is en haar weedom.”
Want ûnderoan de berch wachtet in jonge mei it skom op ‘e mûle, omdat in kwegeast him yn syn greep hat.

Minske en spegel
Hoe sjogge wysels it mystearje fan God en de wrâld? Nee, wy binne gjin Mozes, dy’t mar ien spegel brûkte om in kleare ôfspegeling fan God te sjen. De measten fan ús binne ek gjin Elia, dy’t njoggen spegels nedich hie om in dizenich byld te krijen. Der binne tiden yn it minskelibben – teloarselling, sykte, fertriet, rou – om wanhopich fan te wurden, omdat der sels gjin stedsljochten brâne. De himel is ticht en tsjuster. En wysels ha dan faak de moed net, binne te wurch om mei grut ljocht nei boppen te skinen: “Myn God, myn God, wêrom ha Jo my ferlitten?”
Mar dochs, soms is der by ús it gefoel dat wy in glim fan God opheine, yn de rop fan in fûgel, de laits fan in bern, it entûsjaste sjongen fan swarte meiminsken… Dan strielet it ljocht fan boppen op ús ôf. As wy it dan opheine mei miskien wol 99 spegels, sil it ek fan ússels ôfstrielje. Want soe dat de bedoeling fan Gods foarbygean yn goedens net wêze, dat wy spegels fan him binne? Dan belibje wy toppunten en rinne mei dy toppunten yn de rêchsek by de berch del, nei de flakte dêr’t de minskheid is en har weedom.
Amen

Image

14. Oargelspul

15. Lêze
1 Korintiërs 13, 8-13

16. Sjonge
Liet fan de leafde: 7, 8, 9, 10

No is de kennis ûnfolslein,
wa wit wat barre sil?
De folheid is oan ús foarsein,
de wittenskip wurdt stil.

Doe’t ik noch boarte as in bern,
tocht ik net oan wat wurdt,
mar no kin ‘k folle fierder sjen,
it bernlike is fuort.

Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.

De hoop is yn ferfolling gien
dat leauwen hat berikt
dat leafde stiet op nûmer ien,
foar minsken sa beskikt.

Image

17. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

18. Sjonge
Liet 474: 1, 2 en 3

19. Seine

Wy ha mei Jezus, Mozes en Elia
op ‘e berch stien,
op it toppunt fan ús bestean.
No geane wy derby del,
nei de wrâld dêr’t de minskheid is
en har weedom.
Wy meie meinimme de wjerskyn fan God,
de leafde fan Jezus
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast

20. Sjonge
Liet 456: 3

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum