november 15, 2016
Tsjinst op 28 septimber 2008 yn Itens 1. Yntochtsliet Sjoch, de tsjerke2. Fotum Wy binne fan ‘e moarn by elkoar kommen om kening Saul hinne, waans namme de twivel werjout. Yn ús eigen twivel roppe wy oan de namme fan ‘Ik bin dy’t Ik bin’, de Heit fan de Minskesoan dy’t ús foargiet it libben troch, de Ivige dy’t de Geast streame lit oant yn ivichheid Amen 3. Bemoediging Liet ‘Gebed foar de wrâld”: 4, 5 en 10 5. Skriftlêzing 6. Liet nei de skriftlêzing 7. Skriftlêzing 8. Liet nei de sktriftlêzing 9. Ferkundiging Part 1: Sauls ropping Ik wol wol earlik wêze, ik ha te dwaan mei Saul. Of om it oars te sizzen: Saul is my sympatyk. Wat de ezels oanbelanget, kriget er fan sjenner Samuël de rie om dêr net langer oer yn te sitten. In ezel stiet foar it lichaamlike. Dus Saul, it lichem, dêr giet it net om, temninste net yn relaasje mei dyn ropping, de salve dyst oer de holle krigest.
Tsjin alle twivel yn is Saul kening wurden. Kening nêst God en kening sûnder God. Hy moat fjochtsje en dat giet him yn syn earste striid tsjin Nachasj, de Slangekening fan de Ammoniten, mar bêst ôf. Nachasj wol Jabes yn it noarden fan Kanaän ynnimme en as dat slagge is, sil er de ynwenners syn gif yn it rjochtereach spuitsje. Sy sille mei oare wurden it rjochtereach misse moatte, it sicht op it goede libben mei de Toara. Dan komt it twadde leger boppe de kym, dat fan de Filistinen mei in reus fan in keardel. En Saul giet mei syn folk harren yn de mjitte. As er de reus sjocht en heart, slacht de twivel ta. Mar kin ik dit wol oan? Mar God jout it net sa gau op, want Hy wie by syn folk yn de woestyn en seach dat de Amalekiten, it prestaasjefolk, de achterhoede mei frouwen en bern oanfoel. Dy mentaliteit-troch-alles-hinne moast folslein útroege wurde. En wa soe dat oars dwaan moatte as de kening fan Israel? Liet ‘Saul sjocht op himsels werom’: 4 en 5 Part 3: Sauls depresje Noch ien kear besiket God it mei Saul, no net mear as kening, mar as minske. Hy kriget in geskink, syn soan Jonatan, syn namme betsjut: de Ivige skinkt. En sjoch no ris wat der bart: de soan fan Sha-oel, de freegjende, slút freonskip mei David, de leaflike, de entûsjaste hoeder-keunstner, dy’t antwurd jout. Jonatan wurdt de middeler tusken syn heit en syn freon, de eks-kening en de kening-fan-de-takomst. Is dat net in geskink fan God? No moat it wol klear komme. As nei de oarloch mei de Filistinen Saul en David yn in feestlike optocht tasongen wurde troch it folk, dan wâlet it inerlike folk troch Saul hinne: jaloerskens en grime. Hy ferliest de oarloch tsjin de kweade geast yn him en rint roppend en razend yn de hûs om. In psychoaze dy’t opflammet yn de jiske fan de depressy. Saul, de eks-kening, is ek net langer kening oer syn inerlik folk. Mar dochs, ik ha mei Saul te dwaan. De twiveler, dy’t as kening de ferantwurdlikheid op him nommen hat, antwurd jûn hat op Gods ropping, kin dy no noch antwurd jaan? In depressyf minske hat inkeld fragen dy’t sinleas lykje. Is it net sa, Sha-oel? In depressive wrâld Hoe kinne wy it dan dochs rêde? David mei syn liere komme litte. Net letterlik, mar wol yn de sin fan iepenstean foar syn muzyk: it entûsjasme dy’t fan de geast fan God útgiet, opheine en talitte yn ús inerlik folk fan mentaliteiten. En sjoch wat der dan bart: wy wurde net allinnich roppen ta kening oer dat folk, mar wy binne dat ek. Lykas David, de libbenskeunstner, amman, dus ek… Amen Liet ‘Saul sjocht op himsels werom’: 6. 7 en 8 10. Kofjeskoft 11. Liet op eigen libben 12. Gebed Lit ús net falle yn de depresje fan it lege neat, Wy freegje dat amman en amen ta in ienheid wurde, Wy bidde foar alle siken fan geast, 13. Seine Wy geane no de wrâld yn 13. Slotliet |
november 15, 2016
Tsjinst op 27 april 2008 op De Jouwer
1. Tarissing 2. Sjonge 3. Ynlieding op ‘e tsjinst Hert, hoeno sa yn ‘e pine, Riis oerein, der komt in tiid Tongersdei is it Himelfeartsdei. 4. Sjonge Mar soms ha wy ek in smachtsjende toarst Lit dan beek nei beek brûzje, Hear, Dochs kin de pine fan gemis sa flymjend wêze Jou dan in teken, Hear, dat wy oereinkomme, 6. Lêze 7. Sjonge It plak fan ’t hôf fan Eden De macht fan ’t grutte Babel 8. Ferkundiging 1 Om in antwurd op dy fragen te finen, nim ik jim fan ‘e moarn mei nei Babylonië yn it jier 539 foar Kristus. Jim witte wol, it plak dêr’t de popsong ‘By the rivers of Babylon’ oer giet. It plak ek dêr’t hjoed de dei de Amerikanen noch altyd de Irakezen mei wapens leare wat demokrasy is. Us earste reis nei Babylonië yn it jier 539 foar Kristus. Al sawat in heale ieu libje de joadske ballingen by de streamen fan Babylon, de Eufraat en de Tigris. Wat hawwe se ûnwennich west, doe’t se mear as tûzen kilometer by Kanaän, it lân fan belofte, weirekken. Se ha net songen fan ‘By the rivers of Babylon’, mar se hongen wol de lier oan de wylgen. Dochs wie it libben yn it lân fan de ballingskip net iens sa min. Under kening Nebukadnezar koene se in nij bestean opbouwe. In protte Joaden klommen sels op nei belangrike banen, tink mar oan Daniël. Der wie sels ek in groep dy’t it libben yn Babel net leafst ruilje woe foar in oar bestean. Se pasten har oan en fergeaten har komôf. Mar dochs… de measten smachten fan de toarst, net nei wetter út ‘e put, mar nei it lân fan belofte, it lân fan de foarfaars Abraham, Izaäk, Jakob, Joazef, Mozes en gean sa mar troch. En wy? Ballingen oan de Kolk en de Sylroede? No nee, sa fiele wy ús net. Mar soms smachtsje wy wol fan de toarst: nei in wrâld dêr’t de machtigen einlings rjocht dogge oan Gods skepping. Dat sy en wy gjin woestinen ûntstean litte en derfoar soargje dat de seespegel stabyl rekket. Dat de feart yn de ierde bliuwt en wy mei elkoar op in trochgeande ierdefeart kinne. 9. Sjonge It lot fan finzen Joaden Nei libbenslange jierren Jim earmen kinne drinke, 10. Lêze 11. Sjonge Jehannes, learling fan de Hear, Jehannes, learaar fan it folk Jehannes yn de ierdske striid, 12. Ferkundiging 2 Wy meitsje ús twadde reis, nei Efeze yn it hjoeddeiske Turkije. Bern… Ynienen kriget Jehannes in prachtich byld foar eagen. Wat kinne njoggen moannen lang duorje foar’t it bern op ‘e wrâld komt. Gjin koart skoft foar de mem. En as it safier is, dan komme foar de frou de bertefleagen, flymjend as in swurd. Wolno, yn dy tiid libje de kristenen no, ûnder it flymjende swurd fan de Romeinen. Mar nei’t it bern op ‘e wrâld kommen is, brekt de freugde om it nije libben los. Sa moat it wêze as se Jezus sjen sille. En dan brekt it ynsicht folslein by Jehannes troch. Wat yn syn lange libben ripe is, falt him no as in hearlike frucht yn de hân. It is de frucht fan de freugde, dy’t hearlik smakket, want ynienen priuwt Jehannes wat Jezus krekt bedoelde: Wêr sil de Menniste gemeente fan De Jouwer dan noch soarch oer ha? Sille wy dan net mear achterfolge wurde troch eangst foar de takomst? Troch de klimaatferoaring op ierde: it ûntstean fan nije woestinen en it omheechkommen fan de seespegel. Of de klimaatferoaring yn ús eigen libben: soargen om bern en bernsbern, sykte, iensumens, sicht op ‘e dea. 13. Oargelspul Al spriek ik mei in ingelstim Al wist ik alles fan de wrâld Al skonk ik earmen al myn jild De leafde hâldt de moed deryn De leafde kin de tsjinstân oan, De hoop is yn ferfolling gien 15. Us Heit Us Heit yn ‘e himel, 16. Liet Ut fjoer en izer, soer en sâlt, As wetter dat in boarne wurdt, As ljocht sa fier en âld en wiis, 17. Seine 18. Sjonge |