Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Saul-tsjinst

Religy
PDF Print E-mail
 Tsjinst op 28 septimber 2008 yn Itens

Image


1. Yntochtsliet
Sjoch, de tsjerke2. Fotum

Wy binne fan ‘e moarn by elkoar kommen
om kening Saul hinne, waans namme
de twivel werjout.
Yn ús eigen twivel roppe wy oan
de namme fan ‘Ik bin dy’t Ik bin’,
de Heit fan de Minskesoan
dy’t ús foargiet it libben troch,
de Ivige dy’t de Geast streame lit
oant yn ivichheid
Amen

3. Bemoediging

4. Gebed

Liet ‘Gebed  foar de wrâld’: 1, 2 en 3

Beurs
Se hiene eartiids gjin fakânsje om op reis te gean,
mar se giene alle dagen wol op ‘en paad
nei har fêst plak, de beurs,
it plak dêr’t se har frije tiid folden
mei nijs en harren skôging dêrop.
De measten fan ús ha wol op fakânsje west
en hjoed binne wy op dit plak kommen, ús beurs,
om út te wikseljen wat ús rekke hat,
freugde of fertriet… of de lytse dingen fan it libben.

Liet ‘Gebed foar de wrâld”: 4, 5 en 10

5. Skriftlêzing
1 Samuël 15, 1-3 en 8-11a

6. Liet nei de skriftlêzing
Saul

7. Skriftlêzing
1. Samuël 18, 1-11

8. Liet nei de sktriftlêzing
David spilet

Image

9. Ferkundiging

Part 1: Sauls ropping

Ik wol wol earlik wêze, ik ha te dwaan mei Saul. Of om it oars te sizzen: Saul is my sympatyk.
Sa’t de boeresoan dêr mei de boerefeint oankomt, op syk nei de ezels dy’t fuortrûn binne. Hy stekt wol in holle boppe de feint út en kin him mei syn feardige lea wol twa kear oer de kop, mar as syn meirinner nei trije dagen sykjen útstelt om de sjenner te rieplachtsjen, seit de boeresoan: Dat hast goed betocht.
Dat seit alles: Saul stiet him nearne op foar, stekt de feint de hichte yn, boppe himsels út. No en dan moat er nochal heech stekke fanwege syn eigen langte.

Wat de ezels oanbelanget, kriget er fan sjenner Samuël de rie om dêr net langer oer yn te sitten. In ezel stiet foar it lichaamlike. Dus Saul, it lichem, dêr giet it net om, temninste net yn relaasje mei dyn ropping, de salve dyst oer de holle krigest.
Wêr dan om? is de brânende fraach yn Sauls inerlik.
De namme Saul (Sha-oel) hat te krijen mei freegje, fragen stelle, twivelje.
Wêr dan om? freget er himsels ôf.
Om Gods folk.
Lichem en folk binne yn it Hebrieusk besibbe wurden: gwi en goi. Yn it lichem húsmannet in hiel folk, in folk oan tinzen, gefoelens, driften, dreamen en mentaliteiten.
Wat moat ik mei dat folk? freget Saul him ôf.
Kening oer wêze, Sha-oel, do wurdst roppen ta kening fan Israel en ta kening oer dyn inerlik folk.
Mar kin ik dat wol? Dy fraach pleaget him en dêrom dûkt er fuort tusken de bagaazje.
Kom foar it ljocht en it folk, Saul, ast de ferantwurdlikheid op dy nimst, antwurd joust op Gods ropping, sil it folk Israel dy omheechstekke, sa asto de feint boppe de holle stutsen hast. En dyn inerlik folk sil yn harmony wêze mei Gods namme: Ik bin dy’t Ik bin, Ik bin by dy.
Mar wa bin ik?
Do bist kening, Saul.
Mar…
Krekt dêrom ha ‘k mei Saul te dwaan, is er my sympatyk.

Image

Liet ‘Saul sjocht op himsels werom’: 1, 2 en 3


Part 2: Sauls striid

Tsjin alle twivel yn is Saul kening wurden. Kening nêst God en kening sûnder God. Hy moat fjochtsje en dat giet him yn syn earste striid tsjin Nachasj, de Slangekening fan de Ammoniten, mar bêst ôf. Nachasj wol Jabes yn it noarden fan Kanaän ynnimme en as dat slagge is, sil er de ynwenners syn gif yn it rjochtereach spuitsje. Sy sille mei oare wurden it rjochtereach misse moatte, it sicht op it goede libben mei de Toara.
Mar dan hat er bûten kening Saul rekkene. Dy striidt tsjin de glêde en kronkeljende slange-mentaliteit en giet rjocht op syn doel ôf. Dat doel is de befrijing fan de ynwenners fan Jabes fan it gif dat har it sicht op it goede libben mei God ûntnimme soe.
Doe sloegen se Ammon oant de dei hjit waard en dy’t oerbleauwen, waarden sa útinoar jage dat der gjin twa byinoar bleauwen.
Goed dien, Saul, kening nêst God, der wie gjin mar by, gjin twivel oer, do hast de slange-mentaliteit ferslein en hâldst sicht op ‘Ik bin dy’t Ik bin’.

Dan komt it twadde leger boppe de kym, dat fan de Filistinen mei in reus fan in keardel. En Saul giet mei syn folk harren yn de mjitte. As er de reus sjocht en heart, slacht de twivel ta. Mar kin ik dit wol oan?
Witsto dan net, Sha-oel, do freegjende, dat Goliat stiet foar it lichaamlike, de ezel, dêrsto net langer oer yn noed sitte moatst? Do hast de ropping om dy spierballe-mentaliteit te ferslaan.
Hoe dan?
Dêr komt er al oan, de leaflike, de jonge hoeder, in foech puber, iepen foar de takomst, David.
Sil hy it dwaan, sûnder harnas en wapens? Lit him myn wapenrêsting oanstrûpe!
Mis, kening sûnder de Toara, no leveresto dy oer oan deselde mentaliteit as Goliat, want net mei izer en spierballen sil de striid wûn wurde. Sjoch mar wat David docht.
Doe naam er syn stôk yn de hân en socht fiif stiennen út, yn de beek.
Dat binne David syn geastlike wapens, Sha-oel, de fiif boeken fan Mozes, de Toara.
Sa wûn David it gefjocht tsjin de spierballe-mentaliteit en ferlear Saul syn earste inerlike striid. ‘Ik bin dy’t Ik bin’ kaam op ôfstân.

Mar God jout it net sa gau op, want Hy wie by syn folk yn de woestyn en seach dat de Amalekiten, it prestaasjefolk, de achterhoede mei frouwen en bern oanfoel. Dy mentaliteit-troch-alles-hinne moast folslein útroege wurde. En wa soe dat oars dwaan moatte as de kening fan Israel?
Mei in allemachtich grut leger, 200.000 man fuotfolk, giet it op Amalek ôf, de folsleine mobilisaasje fan Sauls inerlik, ek syn skaadkanten. En sadwaande giet it mis: hy roeget net de folsleine prestaasje-mentaliteit út, mar lit kening Agag en it bêste fan it fee yn libben.
Saul ferliest syn twadde inerlike striid, hy kin syn eigen stribjen nei prestaasje net oerwinne: Sjoch de bút dy’t ik fan de oerwinning meinim!
En ‘Ik bin dy’t Ik bin’ wie net mear mei Saul. Hy waard troch God kening-ôf makke. It koste him de kop, deselde dy’t fier boppe it folk útstutsen hie.

Image

Liet ‘Saul sjocht op himsels werom’: 4 en 5

Part 3: Sauls depresje

Noch ien kear besiket God it mei Saul, no net mear as kening, mar as minske. Hy kriget in geskink, syn soan Jonatan, syn namme betsjut: de Ivige skinkt. En sjoch no ris wat der bart: de soan fan Sha-oel, de freegjende, slút freonskip mei David, de leaflike, de entûsjaste hoeder-keunstner, dy’t antwurd jout. Jonatan wurdt de middeler tusken syn heit en syn freon, de eks-kening en de kening-fan-de-takomst. Is dat net in geskink fan God? No moat it wol klear komme.
Hoeder-keunstner? Jawis, want hat David yn it fjild by de skiep net op ‘e liere spile en songen? De keunst fan muzyk en de keunst fan it wurd fan it leauwe. Amman en amen. Keunstner is yn it Hebrieusk amman. En it wurd amen stiet yn ferbining mei it leauwe: sa is it, dêr kinst op fertrouwe. Dus David as keunstner fan it libben mei ‘Ik bin dy’t Ik bin’: amman en amen. Om entûsjast fan te wurden, om de geast fan God te krijen. En dat wurdt de leaflike, entûsjast, en dy kriget er, de geast fan God.

As nei de oarloch mei de Filistinen Saul en David yn in feestlike optocht tasongen wurde troch it folk, dan wâlet it inerlike folk troch Saul hinne: jaloerskens en grime. Hy ferliest de oarloch tsjin de kweade geast yn him en rint roppend en razend yn de hûs om. In psychoaze dy’t opflammet yn de jiske fan de depressy. Saul, de eks-kening, is ek net langer kening oer syn inerlik folk.
En om’t der yn de dagen fan Saul gjin psychiaters en medisinen wiene, is der mar ien terapy: it anty-depressivum fan de liere fan David. Of noch better sein: it anty-depressivum fan de entûsjaste libbenskeunst. De geast fan God tsjin de kweageast fan Sha-oel, de freegjende, de twiveler.
En David begjint te spyljen, jout antwurd. Mar sels syn anty-depressivum wurket net, noch sterker: it hat in ferkearde útwurking. Saul syn waansin, de spear, brekt yn ien rjochte ientoanige streek troch de meartoanige melody fan libbenskeunstner David hinne. Twa kear mist er syn doel, de folsleine mislearring fan it minklike libben.

Mar dochs, ik ha mei Saul te dwaan. De twiveler, dy’t as kening de ferantwurdlikheid op him nommen hat, antwurd jûn hat op Gods ropping, kin dy no noch antwurd jaan? In depressyf minske hat inkeld fragen dy’t sinleas lykje. Is it net sa, Sha-oel?

Image

In depressive wrâld

Ik ha earne lêzen dat allinnich al yn Nederlân 800.000 minsken anty-depressiva brûke. Hoe’t dat sa komt? Wa sil it sizze?
Hat it te krijen mei de slange-mentaliteit fan Nachasj: de glêde, kronkeljende polityk fan in protte saaklike en regearingslieders?
Of mei de Goliat-mentaliteit, de ferhearliking fan it lichem op allerhande gebiet op kosten fan oare wearden yn it libben: sport, moade, seks?
Of mei de Agag-mentaliteit, de prestaasje-maatskippij, dêr’t wy yn libje?
As de troch God roppen kening mar oardel fan dizze fijannen ferlslein hat – Nachasj en Goliat foar de helte – is it dan in wûnder dat minsken lykas wy it dreech ha yn de striid fan it libben?

Hoe kinne wy it dan dochs rêde? David mei syn liere komme litte. Net letterlik, mar wol yn de sin fan iepenstean foar syn muzyk: it entûsjasme dy’t fan de geast fan God útgiet, opheine en talitte yn ús inerlik folk fan mentaliteiten. En sjoch wat der dan bart: wy wurde net allinnich roppen ta kening oer dat folk, mar wy binne dat ek. Lykas David, de libbenskeunstner, amman, dus ek…

Amen

Image

Liet ‘Saul sjocht op himsels werom’: 6. 7 en 8

10. Kofjeskoft

11. Liet op eigen libben
In spyltúch bin ik yn Gods hân

12. Gebed

God, dy’t wy oansprekke meie mei it fertroulike Heit,
in oansprekfoarm dy’t ús nei oan it hert leit,
de Heit ‘Ik bin dy’t Ik bin’,
by ús, fan ‘e moarn yn ús midden.
Wy tankje Jo dat Jo der binne,
hoewol’t wy ek wol twivelje lykas Saul.

Lit ús net falle yn de depresje fan it lege neat,
de psychoaze fan it ‘swart foar de eagen’,
wat útrint op ‘e folsleine gaos.
Mar lit ús opfearje by it tokkeljen fan de liere,
de dûnsjende melody fan de leaflike,
dy’t iepenstiet foar it entûsjasme fan de Geast.

Wy freegje dat amman en amen ta in ienheid wurde,
de libbenskeunst en it entûsjasme fan de Geast.

Wy bidde foar alle siken fan geast,
sy dy’t sels net boppe depresje en psychoaze útkomme kinne.
Jou psychiaters en de psychoterapeuten it ynsjoch en de wiisheid
dat medisinen en Geast lykop wurkje kinne.

13. Seine

Wy geane no de wrâld yn
as Jonatan, geskink fan God,
tusken Saul en David yn,
soms noch twiveljend,
mei de seine fan
‘Ik bin dy’t Ik bin’,
mei de frede fan
de Minskesoan
en mei it entûsjasme
fan de Geast
Amen

13. Slotliet
De frede fan de greiden

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum