Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Jade- en cyberslaven

Polityk

fan ûnbekend*

Wat lukrativer is as jade
ealstien fan de griene hoop,
is hjoed de dei de krekte fraach:
de goudpriis is nei boppen sketten,
de bitcoin slacht foar master op,
de beurzen knappe út ’e naden.

Yn Myanmar blinkt jade prachtich
yn de eagen fan de macht
op kosten fan it folk ta slaaf
begroeven yn de djippe minen,
mar hjoed de dei is ek de fraach:
wa binne yn dit lân ek machtich?

De kriminelen fan de cyber
lûke lju oan dy’t as slaaf
de dei troch fiskje op it skerm
om sa in kapitaal te fangen
foar kriminelen en de macht,
feriene ta in swarte kliber.

* Foto ‘Jade’

admin

Dakleaze graasje

Polityk

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Jawis, ferlien him moarn al graasje
foar wat er foar syn naasje die:
it platter meitsjen fan hiel Gaza,
de emigraasje fan dat folk
fan ’t iene nei it oare plak,
sa krigen bern ferdivedaasje.

Wolnee, hy hat it net fertsjinne
te sitten yn in keale sel,
hy die ’t út goederbêst foar Gaza,
dus presidint fan Israel,
jou Netanyahu syn gerak,
lit him oer ’t platte lantsje rinne.

Om drûch en lekker waarm te bliuwen,
jou graasje mei in  sheltersuit,
sa tusken ’t tintekamp fan Gaza
fielt Benjamin him grif wol thús,
fan ’t iene nei it oare plak
kin dakleas hy de honger priuwe.

* Foto ‘Netanyahu’
** Foto ‘Dakleaze’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum