Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Fjild fan hope

Polityk

fan ûnbekend*

Noch hat sy de bal yn hannen,
want har útkomst is it spul
om bûne polzen te ferjitten,
boeien oandien troch steat Israel,
sy spile op it fjild fan hope.

Achter har de hege muorre
dy’t har folksgenoaten keart,
it folk om daliks op te sjitten
troch soldaten fan steat Israel,
noch spilet sy op ’t fjild fan hope.

Mar moarn ronkje de motoaren,
ploegje om it griene fjild
om ’t folk de boeien oan te mjitten
fan moardsuchtige steat Israel,
dy’t sa ferballet alle hope.

Noch hat sy de bal yn hannen,
ropt: ‘Wa spilet mei it spul
om bûne polzen te ferjitten?’
Griene grûn, klei oan steat Israel,
de moardner fan it fjild fan hope.

* Foto ‘Palestynsk famke’ 

admin

Yn opdracht fan in god

Polityk

fan ûnbekend*

Der is in strategy
om elke saak te winnen
op it slachfjild fan de macht
dat optilt fan miljarden
om út te jaan oan skot op skot
yn opdracht fan in god.

Fan strategy nei plan
dat rjochte is op frede
op it fjild fan slaan no acht
op grutske presidinten
dy’t hearskje oer it ierdske lot
yn opdracht fan in god.

Fan plan nei alle bern,
ferstoarn of noch yn libben
dy’t lûd gûle yn de nacht,
ferrinnend sûnder stjerren,
mar stjerrend wier dat ek har lot
lit sjen in wrede god.

* Foto ‘It lot fan in bern’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum