Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Antiminske

Polityk


‘Antisemitisme,
slimmer noch: ’t is Joadejacht,
jei al dy terroristen út ús lân!”

Anti is neat mis mei
as hysels set yn de jacht
op rjochter, sjoernalist en Marokkaan:
antijuridisme,
antisjoernalisme,
anti-islamisme,
sjedêr de antiminske!

admin

The last trump

Polityk


In kromme op in keale tûke
braakt syn galle oer de wrâld,
in boadskip bitter foar it folk
dat him foar in diktator hâldt,
dy’t folgers sûnder kop wol brûke
kin, trompetters mei syn lûd
dat skrynt as dûbel bitter-sâlt,
syn stank is oeral al te rûken. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum