juni 15, 2018
fan Julius Troschel*
Yn deselde oere berne
mei ferskil fan nacht en dei,
sa libben Amphion en Zethos,
beide stribben rjochten nei
en namen wraak foar it ferlerne.
Zeus wie harren heit, syn soannen
hiene in prinses as mem,
dy’t Antiope hie as namme,
yn it libben sûnder stim,
man Dirke spile op as hoanne.
Antiope waard slavinne,
wat as straf beskôge waard
foar beide broers har stribjend libben;
’t hat ta wraak en moarden laat,
in bolle soe ’t fan Dirke winne.
Amphion en Zethos waarden
kening, hast oan Zeus allyk,
en bouden om de stêd in muorre;
wankend rôp it deaderyk,
se rûnen oer deselde paden.
* Julius Troschel (1806-1879)
Plakette ‘Amphion en Zethos’
juni 8, 2018
fan ûnbekend*
De froulju sûnder rjochterboarst,
yn plak dêrfan de pilebôge,
gongen streekrjocht nei de striid,
se waarden as in hynst,
sa sterk beskôge.
Gjin frou hie noch in soan oan ’t boarst,
dy waard ta slaaf of moast ier stjerre,
mar in dochter kriich de tiid
om foar de winst te gean,
sy waard wurdearre.
It hynder jage lykas ’t moast,
de amasône hie de skonken
sletten oan deselde kant
en jage as in earn,
wylst gjalpen klonken.
Troch har is Artemis ferrast:
in hillichdom foar dy goadinne,
want dy stie oan frouljus kant,
de timpel wie in fynst
om from te winnen.
* Ofbylding yn stien
‘Griken yn gefjocht mei Amasônes’