november 26, 2021
fan ûnbekend*
Themistokles hold fan Athene,
woe foar syn karriêre gean,
de ljedder op, sa nei de top
en doe’t de Perzen kamen,
rêde hy it op.
’t Orakel spriek fan houten muorren,
wol fleksibel, om te gean,
it riedsel tsjutte op in float,
de slach wie foar Athene
mei de top oan board.
Themistokles woe noch mear macht ha:
net de fijân mar de freon
syn float moast gean yn flammen op;
omdat syn plan mislearre,
glied er fan de top.
Hy moast wol gean en swalke nei de
Perzen, waard har generaal,
wat kaam foar syn gefoel net goed:
yn ’t lêst fan syn karriêre
dronk er bollebloed.
Byld ‘Themistokles’
november 19, 2021
fan ûnbekend*
Hy wie de soan fan Herakles,
lei earst oan ’t boarst fan Auge,
dy’t yn in kiste sletten waard
en smiten op ’e weagen
fan de see.
Wat barde doe mei Telephos?
Hy wie noch mar in jonkje,
dat him perfoarst net rêde koe;
as fûnling waard er fieden
troch in ree.
As man gie hy de oarloch yn
en focht yn ’t earst foar Troje;
hy trof Achilleus yn de striid
en rekke swier ferwûne,
djip wie de sneed.
’t Orakel joech him dit berjocht:
‘Achilleus sil genêze
de wûne dy’t er stutsen hat.’
Ta freon waard sa de fijân,
help út ’e need.
Byld ‘Herakles en Telephos’