november 16, 2018
fan Giovanni Battista Crosato*
It famke waard te fûnling lein,
want kening-heit woe inkeld soannen,
dat in dochter waard tefolle,
mar dêr wie it lêste net mei sein,
sy kriich de holle fan in soan.
De lytse Atalante waard
yn ’t fjild fûn troch guon tûke jagers,
dat de jacht kaam folle letter
har foar eagen, neffens manlju’s aard…
it jagerslibben spriek har oan.
Sy jage op it everswyn,
dêr’t sy de rûge kop fan krige,
wat guon jagers waard tefolle,
dat sy sloegen op ’e foarman yn,
dy’t oan syn djippe wûnen stoar.
In wedrin die sy ek oan mei,
fersloech elk, sloech har ôf de hollen,
útsein fan har Hippomenes,
mei wa’t sy by Zeus te sliepen lei…
dy god hie dêr de liuwstraf foar.
As liuwen fûnen sy de ein,
foar wa’t it pearjen wie tefolle.
* Giovanni Battista Crosato (1686-1758)
Skilderij ‘Meleagros jout oan Atalante
de kop fan it everswyn’
november 9, 2018
fan ûnbekend*
Apollo en Koronis,
âlders fan Asklepios,
in berntsje út ’e deade mem,
dy’t frjemd gien wie, wat joech gjin pas,
Apollo deade syn Koronis.
It soantsje kaam by Cheiron
yn de lear en liet al ier
de keunst om te genêzen sjen,
foar deaden kaam er ek yn ’t spier
mei ’t bloed fan ien fan de Gorgonen.
Zeus koe soks net ferneare,
sloech Asklepios mei fjoer…
gie sa it medysk amt ferlern?
Mar doe’t Zeus’ grime rekke oer,
soe ’t needlot fan de dokter keare.
De slang, symboal fan ’t libben,
heit Apollo’s hillich dier,
waard as symboal wrâldwiid bekend;
it bloed streamt troch fan hert nei ier,
der wurdt nei ivich libben stribbe.
* Byld ‘Asklepios’