juli 19, 2021
Twa reade ljochten litte witte:
de brêgewachter is noch net paraat,
it wippen sit der earst net yn,
dêr kin de reager net mei sitte.
De reager is betûft yn wippen:
’t gie út ’e lichte nei it remmingswurk
foar útsicht alle kanten út
om wach te wêzen op ’e skippen.
Gjin skipper hoecht dan noch te blazen,
want troch de snaffel komt in skelle skreau,
dat beide ljochten dôvje út,
de brêge wipt lykas in hazze.
De reager lit it Snits sa witte
dat hy reserve-brêgewachter is,
soms sjit syn snaffel ’t wetter yn,
it fiskjen kin er ek net litte.
juli 12, 2021
Foar pampus leit er, sûnder wurk,
gjin minske bringt er ’t wetter oer
om al syn sinnen te fersetten,
mar ien sin bliuwt oer fan dat gehiel:
lit dy op ’t eilân net besmette.
Mar ast allinnich bist, swim dan
dêrhinne, op in eilân rinst
gjin risiko, fersetst dyn sinnen
solo mei it lichem en de siel,
korona sil de slach net winne.
Hast al dyn sinnen har gerak
jûn, stap dan by it skip oan board
dat hjoed in protte grûn fersette
sil om op te smiten, diel nei diel,
in eilân neffens oerheidswetten.