moandei, 11 july 2005
De oerhaal leit der fredich by,
nei’t jachtsjen fan de drokke snein
ferrûn foar pont en baas it tij,
dat streamde nei de lichte ta,
dus hjoed begjint de dei mei wat de snein
ús biede moast, de rêst fan it bestean,
dat ieuwenlyn hjir plak fûn hat
en dine op ‘e kalme weagen
fan Goaiïngea-en-Sweagen,
in midsieusk dompich doarpke by de oerhaal,
in tsjerkje en in grêfstien, mar sûnder dat
men wist fan it bestoarn bestean
fan ’t folk yn kjeld en hjitte,
mar wol yn ’t sâlt bebiten,
dat man en wiif bedolden, sûnder omhaal,
it droege fean dat yn de brân set waard,
it wetter, oer de jiske smiten,
ferdampte boppe potten,
wat oerbleau, wie it sâlt,
yn sekken skept en brocht nei Snits,
ferkocht mei hantsjeklap en praat
en wiene man en wiif werom
yn Goaiïngea-en-Sweagen,
feroare ’t waar, mei stjit en flits
berûn de loft en klappen foelen,
de twirren makken weagen,
dy frieten oan it sompich lân
en sloegen grutte gatten
en sjoch, dêr wie de Potten.
De oerhaal leit der fredich by,
mar is de fraach net foar hoe lang,
it duorret koart, it tij ferrint
foar pont en baas yn it belang
foar ’t boeiend jachtsjen nei de heechste ear
foar dy’t yn ’t swittend sâlt bebiten binne
op ’t skerpst fan jacht en skûtsje,
jildt inkeld noch de wedstriidlear,
gjin hurde striid lykas foarhinne
by ’t graven fan de djippe gatten
en sjoch, dêr leit de Potten.
|