Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Jong sûnder kop

Lyrysk Deiboek


Se binne jong en wolle wat,
earst rinne oer it skulpepaad,
dêrnei de rjochterwjuk útslaan,
rap folge troch de linker,
’t is mei skreauwen net te dwaan.

Dochs falt it fleanen noch net ta
mei rjochts of links, it leit yn ’t aard
de eigen slach it rjocht te jaan
de hichte yn te wjukjen,
’t is mei skreauwen net te dwaan.

Mar komme sy op ’t paad wer del,
dan slacht de wurgens samar ta
en sil de foks syn slaggen slaan:
by trije jongen byt er
ta, ’t bart sûnder lûd te jaan.

admin

Transformaasje

Lyrysk Deiboek


It wie in stipke op ’e kym,
dat loek de eagen samar oan
of kaam it troch de dei fan juster?
Noch skrynt foar mannichien dy strym.

De earen heinden ’t motorlûd,
fan boppen dreunde ’t samar oan
of kaam it troch it byld fan juster?
Noch taast dat barren yn it moed.

It stipke op ’e kym fertelt
wat dûbel barde op dy dei
as wie it noch de dei fan juster,
de eagen stiene lang fersteld.

De tuorren steane noch oerein,
dêrboppe riist in wite wolk,
dy’t fol is mei de rook fan kofje,
it byld feroaret troch it brein.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum