| De Neltsjeshaven rûn eartiids fan de Badhûsgrêft achter it stedhûs lâns, ûnder de Lytse Tsjerkestrjitte en de eardere finzenis troch, achter de Peperstrjitte lâns, der ûndertroch en sa nei de Wip ta. De grêften rûnen lykas ieren
 troch it lichem fan de stêd
 en ’t wetter streamde al dy jierren
 as it bloed op slach fan ’t hert.
 Sa’t bloed it iten troch it lichemfiert en it syn krêften jout,
 foldiene grêften oan har plichten
 fan ferfier en brochten goud.
 It goud fan bûter en fan tsizenstreamde yn de Snitser Waach,
 de boeren krigen folle beurzen,
 soms in stikje yn de kraach.
 Sa dronk in Tirnzer boer tefolle,dy’t se neamden Ynze Bok,
 wannear’t er licht waard yn de holle,
 steapele er flok op flok.
 It bleau dy tiisdei net by flokken,doe’t de Tirnzer boer mei tsiis
 nei Snits foer, sûnder brokken,
 oant de grêft net fan de wiis.
 Hy stjoerde nei de Neltsjeshaven,fierderop de finzenis,
 en seach op strjitte jonges draven,
 wist doe al: it giet no mis.
 Syn boatsje glied earst yn it tsjusterfan it stjonkende ferwurf,
 dat ûnder finzenis en strjitte
 bôge, oeral like skurf.
 En doe’t it deiljocht wer syn eagenrekke, fielde er in striel,
 dy’t waarm him yn de nekke pleage,
 ’t wie in stjonkend jongesmiel.
 Wylst Ynze Bok syn galle spuide,fleach it jonge folkje fuort
 en hoe’t er ek mei flokken struide,
 fierder dreau er mei syn guod.
 Hy loste by de Waach syn tsizen,brocht se nei de weagerij
 en krige foar syn suvel prizen
 dy’t him makken tige rij.
 De boer traktearre op in slokje,’t rûntsje wie foar elkenien,
 by ’t sânde âlen se fan: ‘Bokje,
 sân, acht, njoggen en dan tsien!’
 Nei njoggen siet er wer yn ’t boatsje,roeide mei syn linkerhân
 en fûn de skipperij in soadsje,
 song en raasde moard en brân.
 Sa glied it boatsje yn it tsjuster,ûnder Snitser finzenis,
 boer Ynze wie it paad doe bjuster,
 wylst it reinde fan de pis.
 It bloed fan Tirnzer Bok waard sûpe,breinroer sprong er op ‘e wâl,
 it mes dêr soed er har mei strûpe,
 sûnder plysje wiisde ’t mâl.
 De dronken boer kaam wer yn ’t tsjusterboppe ’t stjonkende ferwurf,
 de sel wie net fan hjoed of juster
 en de muorren wiene skurf.
 De Neltsjeshaven, wat is ûnder,wat is boppe? Mei in flok
 en djippe sucht, it is gjin wûnder,
 ’t antwurd komt fan Ynze Bok.
 
 |