|   Donker is it asfalt tusken ’t grienfan bermen dêr’t it piipkrûd ’t ryk
 allinnich hie en fan ‘e moarn ien
 rige skerpe beareklauwen stean,
 de Grienedyk.
 Muontsen ha allinnich foar it leanfan Gods genede grûn opbrocht,
 op berjes oanfierd dat it fean
 net feroare yn in wrâld fan slyk,
 de Grienedyk.
 Ieuwenlang besocht it wetter meide krêft fan stoarmen it gefjocht
 te winnen dat it gea allyk
 seesicht wurde soe, lykwols dêr lei
 de Grienedyk.
 Motors ronkje, ride fan ‘e moarnmei grûn en klauwe bermen rjocht
 sadat it asfalt bliuwt gelyk
 oan ’t gewicht fan wat de tiid ús brocht,
 de Grienedyk.
 
 |