|   De dei stapt hoeden út ‘e swarte nachtmei skiere walen fan de dize,
 dêr’t amper skimerje noch kleuren troch,
 de klaaiïnge fan heale wize,
 noch ûnbewust fan pronk en simmerpracht,
 gjin djipgong stribjend nei de hichte,
 sa slûpt de dei de moarntiid yn, mar sjoch…
 … dêr stiet de kleureklaaier fan de deidy’t stjoert kreaasjes nei de lichte
 en spriedt it sulver oer de Snitser mar
 as spegel foar de twa gesichten:
 de skjinne loften dêr’t de ein fan wei
 is boppe ierdske fisker, wizend
 mei spattend sulver nei de simmerdei.
 
 |