|   Se fûnen him op ’t hurde hout,ús tredde generaasje,
 in misslach, de fatale fout
 en út wie ’t mei syn faasje.
 Hy song ús wekker, moarns betiid,in lûd fol fleur en graasje
 besiele alle dagen swiid
 de wrâld, syn sangdonaasje.
 No leit er stil en stom fersleintroch glês, in imitaasje
 fan loft, syn frijheid sûnder ein,
 mar sûnder moederaasje.
 ’t Begrutsjen kaam fan dy’t him fûn,ús tredde generaasje,
 se ha him oan de ierde jûn,
 gewoan, gjin styl of staasje.
 No leit syn grêf yn ’t rulle sânmei blommen en wat stiennen,
 in lêste groet noch fan de hân
 dy’t droech it lyk derhinne.
 
 |