Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Keale wierheid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se steane oan de Grienedyk,
ien lange rige grien,
de jierren troch wie har gelyk:
sa mei-inoarren ien.

Gjin stoarm wie sterker as har driuw,
oerlibje as gehiel,
gjin twirre joech de lêste triuw,
se wiene ien fan siel.

Dy iene stie fier fan ’t gehiel,
ticht tsjin de reiden oan,
de keale wierheid waard syn diel
en sa is hy doe stoarn.

Image

admin

Ballade fan it Snitser trekskip

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De Swette hat de ieuwen troch
it Snitser trekskip droegen
fan Snits nei Ljouwert en werom,
’t foer goed oer alle boegen.

It wiene Snitsers dy’t mei jild
de Swette grave lieten
en yn it tolhûs by de stêd
betellers wolkom hieten.

De skipper mei syn fakmanskip,
Broer Fongers wie syn namme,
bestjoerde passazjiers en skip
en hie net ien beskamme…

… oant 1717, yn dat jier,
de njoggende oktober,
bewurke drank of wie it bier,
de sinnen fan in bobo.

Syn namme, ’t wie Van Eysinga,
in jonkhear om te achtsjen,
hy hold it net by ien of twa
en liet de skipper wachtsje.

Doe’t jonker út it tolhûs kaam,
rôp skipper Fongers: ‘Deale!’
Hy joech oan’t roer in flinke raam:
‘Su ik nog wachte, kerel?’

De jonkhear sprong doe fluch op ’t skip,
syn skonken, hast yn tizen,
dus wankel, rekken yn de slip
en stroffelen oer tsizen.

Sadree’t er wer op fuotten wie,
begûn er op te spatten:
‘Zie hier een jonkheer, potverdrie,
met mij valt niet te spotten!’

Broer Fongers skiet op rang en stân
en rôp yn ’t stedsk: ‘Wat seiste?
Ik leg de kezen naar mien haan,
wust plak, must sien datst krijste!’

Van Eysinga, een heer der wet,
hat doe in klacht yntsjinne,
mar Fongers hold syn skipperspet
en naam der ien op ’t winnen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum