Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Leech seizoen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hat wer west, it heechseizoen
mei ’t hysjen fan de seilen,
ferwachtings heger as de mêst,
mar as it skip begûn te dweilen,
dan wisten se: gjin kampioen.

Image

De moarntiid jout him oan as dweil
dy’t glydt oer mar en puollen
en lit it motorskip mei rêst,
troch ’t radardraaien net bewuolle
yn dize op it leechste peil.

Dan strykt de wyn de dize fuort
en lit de pontdyk witte
syn leechte nei it heechseizoen,
de pontbaas kin der net mei sitte,
hy hat syn nocht fan libben guod.

Image

It motorskip lykwols fernimt
gjin leechte, mei syn folle
containers fart it nei de jûn
en troch de nacht om sa te follen
wat mar en puollen treurich stimt.

admin

Sodom en Gomorra

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch libbet dizze Snitser bûtenwyk,
befolke mei befearre wêzens,
as iepen mienskip yn de frijheid ryk
oan kleur en wichtich yn it wêzen.

Hjir binne wy, wat bringst ús foar berjocht
of struist it ûnheil, net te fretten:
de Houkepoarte, minskewyk dy’t docht
ús ûnrjocht mei midsieuske wetten.

De galge is ús frjemd, wy binne ’t folk
fan no, fan hokke sûnder dokke,
wy brûke yn de striid gjin swurd of dolk,
fermannichfâldigje troch ’t fokken.

Ien boargemaster, wat sil dy ús dwaan,
wy hawwe hjoed de dei wol trije,
it hege kraaien sil de trochslach jaan
dat wy noch lang yn frijheid frije.

Noch libbet dizze Snitser bûtenwyk
as ’t folk fan Sodom en Gomorra,
mar ’t wrede needlot wit fan gjin ûntwyk
en struit it sâlt der noch op ta.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum