Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Regeling

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De mar is leech, no docht
de werklikheid my sear
om’t ik it libben mis
fan seilen yn it ljocht
fan loft en spegeling;
de tiid set troch, sa wis
as winterdei it near
leit op it spul fan wyn
en seil sa klear wit ik
fan dizze wegering.

Lykwols de skepper syn
belibbing lit gjin plak
foar leechte op ‘e mar
en skilderet stik foar stik
de seilen, stjoer en bak,
sekuere spegeling
fan simmer-werklikheid
en ik besjoch syn kar
foar foarm en kleur en fyn
’t in rynske regeling.

Image

Mei tank oan G.J. Veenstra
www. galerie-offingawier.nl

admin

Bern en hap

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se steane stil te wachtsjen
en sjogge fol ferwachting
út nei de tiid dat dier
en minskebern mei achting
foar elkoar ta ienheid wurde,
it spanningsfjild yn elke spier.

Dy spanning, oars as jachtsjen,
te gysten om te meitsjen
de gong fan stap nei stap,
is yn it ritme reitsje
fan elkoar en sûnder finish
tegearre fierder, bern en hap.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum