Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Sylkursus

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se foeren noch op sleeptou
troch it libben oant de dei
dat beide optimistysk
sels besochten om it roer
de hân te jaan, wat skipsskou
noch, net wis fan hoe’t it lei
mei boat en skoat op ’t draaien
troch de wyn, mar doe’t se oer
dat deade punt wol hinne
wiene, gie de wyn syn gong –
fûleindich buiïch waaien –
dat de iene fûn it stoer
om fan de oar te winnen
mei’t syn tobke tôgjend hong,
wylst nûmer twa it better
wist en winne woe op oar
gebiet: syltechnysk, hied er
lêzen, krijt in boat mear gong
hoe rjochter yn it wetter
folle fierder rekkest foar…
sa sylden beide dieders
fan it wurd fan boei nei boei
har eigen styl om letter
mei gefoel of mei ferstân
it libben troch te farren
mei in sleeptou foar de oar.

 

Image

admin

Keale wierheid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se steane oan de Grienedyk,
ien lange rige grien,
de jierren troch wie har gelyk:
sa mei-inoarren ien.

Gjin stoarm wie sterker as har driuw,
oerlibje as gehiel,
gjin twirre joech de lêste triuw,
se wiene ien fan siel.

Dy iene stie fier fan ’t gehiel,
ticht tsjin de reiden oan,
de keale wierheid waard syn diel
en sa is hy doe stoarn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum