Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Foar wûnder

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Heilswier hingje loften
boppe ’t leechlân fan de snein
dy’t ik besjoch al rinnend
op ‘e wei noch sûnder ein,
wylst fûgels slaan yn kloften
op ‘e flecht foar wit net wat,
ferwachtsje ik te winnen
’t ljochtsjend heil fan wat is dat?

Image

Binne dat de greiden
yn de skaden fan de moarn,
ferskûlje noch de kimen
har as wie de fierte stoarn
en rint de wei wol nei de
blauwe printen ivichheid
dy’t no ferdriuwt de skimen
en it ljochtsjend heil oanseit.

Image

Kin men dan noch swije
yn in wrâld mei loften swier
fan brekkend ljocht en sûnder
heilleas driuwen nei in fier
ferline fol fan lijen?
Sjongend rin ik oer de dyk,
belibje it foar wûnder
mei de skiep as myn publyk.

Image

admin

Ljochtstreken yn 2007

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sa fersinkt wat west hat
weagjend noch wat nei
en blinkt wat opkomt ier
al mei in útropteken
foar de nije dei,
elk winskjend streken
as in ljochte wei
fan lok yn ’t nije jier.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum