oktober 6, 2016
Ik seach se yn de fierte stean, it wie in byld fan twa totaal, in ienheid út itselde hout en dochs hie elk in oar ferhaal. It bern fertelde fan syn groei, De foarfaar hie syn stive lea Ik seach myn eigen libben stean, |
oktober 6, 2016
Op 29 april 2007 wie de premiêre fan de muzikale Jonafiering yn de Sint Martinustsjerke te Wurdum. De sinne riisde op dy maitiidssnein as ’t iene each fan Gods gesicht; de strjitte wie in stil gedicht, hie neat fan ’t stedske kreamkeplein; it sleatsje, spegeljend it swurk, ferlike mei it weagewurk fan stoarm op see, wie ’t snienske lok fersein. Mar Sint Martinus riist hjoed himelheech It harket nei it bûnzjend hert It sjocht it jeien fan it swurk, It harket nei it farrensfolk It fielt hoe’t Jona dweiltrochwiet It sjocht mei Jona ’t deiljocht wer, It harket nei it merkgebalt It sjocht hoe’t Jona skruten stiet It harket nei ’t profetysk wurd It sjocht hoe’t Jona swittend sit It harket nei hoe’t Jona poer It fielt mei Jona’s libben mei ’t Hat west en Sint Martinus streamt wer leech, |