Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Djippe streken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wêrom’t ik net it asfalt nim,
de lândyk sûnder spoaren?
Ik harkje nei myn djippe stim
dy’t sprekt as nea tefoaren.

‘Do hast noch ’t wylde yn dyn bloed,
it fjouwerjen yn hoeven
dy’t spoaren slaan, in modderfloed,
en wynderjende tûfen.

Gjin wite streken bringe my
nei fiere kym, mar oare:
dy streken driuwe, meitsje frij
en ek noch djippe spoaren.

Image

admin

Skeinde freonskip

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De rûnwei hiene se as maat
foar dei en nacht de jierren troch,
de beammen yn de rige
joegen simmerdeis it skaad
en namen ’t ôffalstof omdoch
en dat foldie har tige.

Sa libben sy by it ferbûn
fan azem út en azem yn,
fan stoffen yn de rûnte:
beammen fûnen koalstof sûn
en joegen soerstof oan de wyn,
wat rûn nei wet foar wûnder.

Image

De rige wie in skilderij
fan meters heech en withoebreed,
ferskillend yn seizoenen:
nei de winter alles nij,
de simmer kleuren by de fleet,
de hjerst as ’t bûnte wûnder.

De rûnwei seach it gûnzjend oan
en hime fan de koalstoffloed
by’t fallen fan de rige;
’t skilderij wie ek bedoarn,
want griis oerhearske no foargoed.
Wat folk foldocht dit tige?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum