Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Myn goede freon

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De Aldegeaster tsjerke
stiet yn twafâld,
kant de toer en lang it skip,
al âld en stiif, mar noch de sterke.

Image

Myn goede freon, as jonge
hasto boarte
ûnder ’t lieden fan de klok,
miskien in berneferske songen.

It tsjerkeskip feroare
yn it farren
frij fan koers nei fiere kym,
optillend klear as nea tefoaren.

En op ‘e see fan tinzen
fûnsto wurden,
sprekkend ek dyn eigen taal
fan op ‘e kâlde grûn de grinzen:

Image

Boppe de krunen fan de keale beammen
sjoch ik yn de wolken syn byld
de grûn is stiif en kâld
hy wie noch net sa âld
en woe noch graach
wat libbensjierren ha.
Syn byld driuwt
yn de wolken fuort.
De sinne kipet troch it wolketek
knypeagjend, ferwaarmjend,
mar de grûn bliuwt stiif en kâld.
Hy wie noch net sa âld.

Myn goede freon, noch tiden
sil it lieden
fan de Aldegeaster klok
fertelle fan dyn moedich striden.

Image

admin

Dilemma

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De loft driuwt driigjend fierder
as hie de delslach yn in flits
troch ’t wapen fan in ridder
it ûnheil brocht oer Snits.

De beammen foelen dreunend
as keardels yn in fûle striid
en stieken swak en kreunend
de earms op, ’t wie har tiid.

Want earst wurdt alles romme
wat stiet al jierren yn it paad,
hjir sil in stedsje komme
as midsieusk op ‘e kaart.

In kilometer fierder
ferriist in midsieusk terpelân.
Sis no, wat weaget swierder?
Help Snitsers út ‘e brân.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum