Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ballade fan it Dryltster stienskip

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

150 jier menniste tsjerke

In minske dy’t yn ienfâld libbe,
leaude wat mynhear pastoar him sei,
hy wie mei hert en siel besibbe
oan de paus, besteld mei Petrus’ kaai.

Oant yn it Fryske doarp Wytmarsum
Menno Simons preke as pastoar:
‘It kaaiekleed fan Pertrus past him
net, gjin paus mear oan de himeldoar.’

Foar Menno Simons hie de tsjerke
sletten doarren, swalkjend gie er troch
de wrâld, hy liet it minskdom merke
dat it Wurd fan God wie net omdoch.

Wa’t leaude, liet him mûnich dope,
’t wurd wie ja of nee, gjin steile eed,
mennisten wiene ’t folk fan hope,
holpen leafdefol wa’t siet yn need.

It stedsje Drylts hie ek mennisten
dy’t ferfolge waarden oant de dea
fan ien fan har: Rixt Heyne miste
wol har libben, die har siel gjin kwea.

Der kaam in tsjerke, wat ferskûle,
want mennisten stiene achteroan,
it wie gjin folk fan macht en mûle,
mear fan stille dieden, hjoed, net moarn.

De tiid ferrûn, mar net de mienskip,
want dy groeide út ‘e tsjerke wei;
se bouden doe in grutter stienskip
dat op koers fan Wurd en dieden lei.

It skip fart noch, mei minder leden,
mar mei ienheid as it nedich is,
de frijheid dy’t grif liedt ta frede,
leafde makket boppe alles wis.

Image

admin

Boerka

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Midden yn it Fryske lân
fan grouwe loften, feale greiden,
smoarge sleatten, rûge reiden,
hâldt moraal it Al yn stân.

Image

Mei it blau fan ’t hege swurk
beklaaide sy har keale leden,
yn de boerka sieten seden
foar harsels en foar it wurk.

’t Al woe ha sy soe yn ’t spier
foar blauwe loften, griene greiden,
skjinne sleatten, kalme reiden,
sedich mei in kleed oer ’t hier.

Mar it Fryske lân wol heal
noch net syn sjarm bedekke litte,
’t liet syn stânpunt stoarmich witte,
de moraal stie doe foar peal.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum