juni 3, 2024
It kin ferkeare hjoed de dei,
sa fan de iene nei de oare,
syn gerak dêr draait it om,
in dei ferkearing is genôch,
hy hâldt wol fan feroaring.
It bleau foar har net by ien aai,
sy lei it iene nei it oare
sûnder dat sy wist fan wa
it wie, fansels wie sy de mem,
de heit hold fan feroaring.
De heiten libben beide mei,
de iene boppe en de oare
ûnder mem en alle bern
fan heiten, folle net genôch,
sy holden fan feroaring.
mei 27, 2024
Swarte hearskers op ’e peallen,
mei elkoar ha jim de macht
yn de loft en op it wetter,
ek dêrûnder foar de jacht
op wa’t sa gau net flechtsje kin,
skerp binne eachopslach en snaffel.
Jimme skite op ’e peallen,
wearden ha foar jim gjin sin,
driften dogge ’t folle better,
dy’t har rjochtsje op gewin
op kosten fan dy’t stadich swimt,
wreed binne jimme slach en snaffel.
Sa ferrûn de evolúsje,
’t foargeslacht naam dêroan diel
mei ’t gefolch dat jimme letter
ha mei rjocht in wrede siel,
dy’t oanset ta wat hat foar jim
wol sin: de jacht op iel en fisken.