Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Mei kondoom

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie al oeren ljochtskyndei,
mar nei in nacht fan stappen
wisten pubers fan gjin snein;
har koma wie de ein fan wei,
se dreamden wol fan goare grappen,
hoe’t de jerke ’t flikte mei de ein.

Image

Sy sliepten yn de ûnderwâl
en wiene ier al wekker,
stiif fan spanning op dy snein:
de hege wâl ôf oan de rôl,
mar mem fûn ’t neat, it moast net gekker,
sels swom sy as pykje al as ein.

Image

Ien fan de pubers skrille op
en stapte nei de hikke
mei in swiere kop dy snein;
gjin sin mear oan in goare mop,
kondoom, oars moast er it net flikke,
want it resultaat seachst oan de ein.

Image

admin

Sûnder kwea

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Doe’t se by it wetter kamen,
kolke ’t bloed al troch de lea
en rôlen se mei hjitte hollen
fetten oan, noch sûnder kwea
yn ’t sin, sa wie it, amen.

Heineken om foar te tankjen
en te tanken glêzen fol,
se seagen inkeld wite wiven,
eigen wiven wiene wol
sa hjit dêr op dat bankje.

Doe’t de nacht de hollen kuolle,
sleepte ’t manfolk tûken oan
om Heineken wat op te waarmjen;
by de wiven wie ’t bedoarn
om’t sy it fet wer follen.

Mei de blazen leech en koppen
dy’t it seagen skean en bryk,
berûnen se de slingerpaden
sûnder kwea, want har gelyk
wie amen, lei derboppe.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum