Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Natuerlik teäter

Lyrysk Deiboek

It hat neat fan in grut teäter,
dêr’t men sit op ’t reade plús
om te genietsjen fan kultuer,
dy’t brocht wurdt foar in tal kûlisen
troch Romeo en Julia.

It is in wente op ’e romte,
dêr’t se fielden harren thús,
want rûnom libbe de natuer
har foar hoe’t sy ek libje moasten,
gewoan as Roel en Jouk… no sa!

No is it hûnderttsien jier letter,
stiet dêr noch itselde hûs,
hat foar it each de rêst en doer
om nije wenten te oerlibjen,
ropt op nei syn teäter ta.

De achtertún is it teäter
mei grien libben by de rûs,
sa binne der kûlisen oer
om mear as dûbel te genietsjen:
natuer, kultuer, Roel, Jouk en sa.

* Foto ‘Wente by de Gauster syl’
** Foto ‘Oankundiging teäterfoarstelling’

admin

Koppe

Lyrysk Deiboek

Lykas in bear sa sterk
docht hy him yn de maitiid foar,
syn klauwen stekt er út
om ’t minskdom te bedriigjen
mei stekken troch de tinne hûd
en is syn opset slagge,
dan bliuwt achter syn fergiftich spoar.

Grutsk stekt er op de kop,
dêr is er ek de sterkste foar,
gjin wêzen komt syn bloei
benei, hy lit dy stiigje
om sjen te litten hoe’t fan foet
oant kop syn opset slagge
is: net lytser wêze as in oar.

Sjedêr gjin kop is mear
te sjen, syn klauwen binne goar,
dy stekt er net wer út
om ’t minskdom te bedriigjen,
mar is syn dea dan wol foargoed
of slagget hy deryn om
nei te litten foar syn bern in spoar?

* Foto ‘Beareklauwen yn bloei’
** Foto ‘Beareklauwen sûnder kop’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum