Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Bali as yllúzje

Lyrysk Deiboek

Wa soe net tinke oan in strân
mei sniewyt sân om op te lizzen
sûnder wiete snie yn it gesicht,
net mear nei hege noaren tale,
inkeld swimme, waarm en licht,
gjin wjerstân op it eilân Bali.

Wa’t fierder as de namme sjocht,
kin oer ’t gehiel ek noch wat sizze:
op ’t houten dek leit proviand,
derôf dy tinte mei twa halen,
silend giet it fan de kant,
op rûte nei it eilân Bali.

Wa’t net de eagen iepen hie,
dy moat him by it skip dellizze
dat fergiet, it is gjin moai gesicht,
men kin dêr inkeld mar fan bale,
wyt wie foar ’t gehiel te licht,
sa sylt men nea nei ’t eilân Bali.

admin

Mienskippen tsjinje

Lyrysk Deiboek

Kin de kade it net hâlde,
litte stiennen samar los
om yn de djipte wei te wurden,
dan is mear as ien de klos.

Auto’s kinne net parkeare,
automatysk op it plak
foar har al jierrenlang ornearre,
krije net mear har gerak.

Minsken fan de hechte mienskip
lûke oan de ljochtstriel-jas
om yn de nacht net wei te wurden,
wjerskyn komt dan goed fan pas.

Ien stapt yn in wankel boatsje,
taast de kade hoeden ôf
op siik nei noch mear losse stiennen,
oan de hechte mienskip trou.

Twa kear wurdt de mienskip tsjinne:
fan de stiennen en de stêd,
as ’t moat sels yn it neare tsjuster,
wylst de twadde leit op bêd.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum