Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

No noch tradysje

Lyrysk Deiboek

Foar rûge weagen net benaud,
sa swalke hy foar mannich fangst
fier út ’e kust fan noard nei súd
en wer werom de haven yn,
tradysje hold it iuwen út.

Mar doe’t it út wie mei it seil,
de fiskerij waard masinaal,
wat útrûn op massaliteit,
lykas de merk it hawwe woe,
ferlear tradysje tiid en pleit.

No leit de swalker oan de kaai
mei op ’e gyk it opdoekt seil,
fier fan de kust fan west nei east,
tradysje hâldt de siken yn:
wannear jout hy ienkear de geast?

admin

Twa gesichten

Lyrysk Deiboek

Heech stekt er út mei twa gesichten
boppe de seedyk by Harns
en skôget oer it lân en ’t Waad,
dat beide skieden bliuwe,
dêrby hat it minskdom baat.

In goes komt fleanend op ’e hichte
fan wat bart op see en lân,
hat gjin ferlet fan dûbelop,
hy wjukket oeral hinne,
is fleksibel mei de kop.

Wannear’t de see komt út ’e lichte
wei geduerich hegerop,
dan kin de stiennen man neat dwaan,
de goes sil hichte winne
of him nei in peal ta jaan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum