juni 17, 2024
Hy hat nochal ferbylding
op ’e hichte fan it plak
om alles oer te sjen,
sa is er fan betinken
dat him neat ûntgiet,
hy macht hat oer de wrâld
dy’t yngiet op syn winken
fan ‘jou oer wat my befalt’,
wat grau is, lit him kâld.
Hy is it byld dat oanjout
hoe’t men op ’e wrâld fier rikt
om nei it plak te sjen
dêr’t swart it blanke blinke
lit, want neat ûntgiet
de wrâld fan wat men jout
oan djipgeand suver tinken
oer wat elkenien befalt
dy’t op ’e oar fertrout.
juni 10, 2024
Net te leauwen al dy bylden
fan skeletten nei it fjoer
fan mear as ien bombardemint,
gjin leauwe kin it keare,
’t is modern en ek de trend.
Lit de skiednis mar ferbyldzje
hoe’t geweld de frede sloech
yn stikken troch it leauwe yn
ferskate âlde goaden,
salang is dat noch net lyn.
Pylders roppe op de bylden
fan de prysters by it fjoer
fan offers oan de goaden brocht,
sa waarden sy fereare,
’t wie de trend foar in gefjocht.
Net te leauwen dat de pylders
al dy iuwen ha trochstien,
as tinkbyld ek foar hjoed de dei:
skeletten yn de moade
is foargoed de ein fan wei.